August Taylor

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Angelica Taylor)
August Taylor
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Angelica Taylor, Angelica Titties,
Emma Love, Michele Novacich,
Nadia Night, Nadia Villanova
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 28 maaie 1991
berteplak Georgia (Feriene Steaten)
etnisiteit Filipynsk
Italjaansk
Tsjechysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2013 – no
offisjele webside
August Taylor op Twitter

August Taylor, echte namme ûnbekend (yn Georgia, 28 maaie 1991), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Filipynsk, Italjaansk en Tsjechysk etnysk komôf. Se hat ek in protte gebrûk makke fan 'e artystenamme Angelica Taylor en wurke foarhinne ek wol ûnder de nammen Angelica Titties, Emma Love, Michele Novacich, Nadia Night en Nadia Villanova. Taylor sette yn 2013 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Taylor waard yn 1991 berne yn 'e Amerikaanske steat Georgia, mar groeide op yn Fort Lauderdale, yn 'e oanbuorjende steat Floarida. Yn 2013, doe't se 22 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film, dy't yn 2014 útbrocht waard.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Taylor mids 2017 yn sa'n 35 ûnderskate pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Jules Jordan Video, Digital Sin, Score en Elegant Angel. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, wylst se ek in protte yn 't spier west hat foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Brazzers en Kink.com.

Under har karriêre hat Taylor gearwurke mei froulike kollega's as Summer Brielle, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Xander Corvus, Danny D, Manuel Ferrara, Tommy Gunn, Keiran Lee, Mandingo, Ramon Nomar, Criss Strokes, Bruce Venture en Mark Wood. Njonken har aktearwurk is se ek aktyf as neakenmodel, en yn dy hoedanichheid hat se posearre foar ferskate fotoreportaazjes yn neakenblêden.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

August Taylor is blank, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.68 m lang, mei in gewicht fan 55 kg, en kupmaat 32F, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Behalven de wenstige piercings troch har earlellen hat se ek in nâlpiercing, in Madonna-piercing boppe har boppelippe en in piercing troch har lofternoaswjuk. Fierders hat se in tatoeaazje yn 'e foarm fan in bân fan stikeltrie om har rjochterboppe-earm hinne.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: