Anegat
Appearance
It Anegat wie in seegat wat foar de 16e iuw de skieding foarme tusken Teksel en it Aailân. It wie in wêzen in slinke, op it stee dêr't no de Slufter leit.
Yn de rin fan de 16e iuw slibbe it Anegat tusken Teksel en Aailân ticht, en ûntstie der tusken de eilannen in hege sânbank dy't allinnich noch by ekstreem hege wetterstannen ûnderrûn. Yn 1630 waard op dy sânbank de Sândyk oanlein, dêr't de beide eilannen troch ferbûn waarden.