Andringastate (De Lemmer)

Ut Wikipedy
Andringastate
Andringastate om 1750

Andringastate is in gemeentlik monumint oan de Schulpen op De Lemmer. It eartiidske lânhûs is alve finsters breed en bestiet út twa boulagen. Op de hoeken fan de lege skyldkape steane twa mânske skoarstiens mei buorden.

Oan de beide siden hat it gebou sydfleugels. De omliste yngong fan de eardere state siet on de foarside. De kroanlist en ien fan de dakkkapellen binne orizjineel. Yn de foargevel rjochts, dêr't de AMRO-bank earder siet, sit in peilstien dy 't de wetterhichte oanjout fan in floed fan oktober 1881

Yn dit hûs út de santjinde iuw oan de slûskolk wenne oant 1873 de grytman fan Lemsterlân. De earste bewenner wie in Tinco fan Andringa (1666-1689), de lêste aadlike bewenner wie jonkhear Wilco van Andringa de Kempenaer (1809 -1873). Andringastate waard troch erfgenamten yn 1888 ferkocht. De state waard doe opdield. Yn de santiger jierren fan de tweintichste iuw ketste it plan ôf om it nije gemeentehûs der yn ûnder te bringen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: