Springe nei ynhâld

Andrew Smith (soölooch)

Ut Wikipedy
Andrew Smith
Sir Andrew Smith
Sir Andrew Smith
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Britsk
berne3 desimber 1797
berteplakHawick, Roxburghshire
stoarn11 augustus 1872
stjerplakLonden
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
berop/amtsjirurch, etnolooch en soölooch

Andrew Smith (Hawick, Skotlân, 3 desimber 1797Londen, 11 augustus 1872) wie in Skotske militêre sjirurch, ûndersiker, etnolooch en soölooch. Hy helle yn 1819 syn dokterseksamen oan de Universiteit fan Edinburgh. Yn 1816 waard er opnommen by de genêskundige tsjinst fan it Britske leger.
Smith wurdt beskôge as de heit fan 'e soölogy yn Súd-Afrika, om't er in protte soarten oer in grut ferskaat oan groepen beskreaun hat yn syn wichtichste wurk, Illustrations of the Zoology of South Africa. [1][2]

Tusken 1820 en 1837 ferbleau er as militêr dokter yn Súd-Afrika. Hy waard nei Grahamstown stjoerd om tafersjoch te hâlden op de medyske soarch foar Jeropeeske soldaten en soldaten fan it Kaapkorps. Hy waard yn 1822 beneamd ta distriktssjirurch fan Albany en sette mei de earste fergese apoteek foar earme pasjinten yn Súd-Afrika útein. Hy late in wittenskiplike ekspedysje nei it binnenlân en koe him rjochtsje op syn belangstelling foar natuerlike histoarje en antropology. Yn dy tiid beskreau er in grut tal bisten dy't nij wiene foar de wittenskip. Dêrom wurdt er wol de heit fan de Súd-Afrikaanske dierkunde neamd. Op de IOC World Bird List steane 86 troch him beskreaun fûgelsoarten.

By ferskate gelegenheden waard hy troch gûverneurs op fertroulike misjes stjoerd om Bantû-stammen bûten de grins te besykjen, lykas syn reis nei Kaffraria yn 1824, doe't hy wiidweidige notysjes makke oer de gewoanten fan 'e Xhosa-stammen.

Smith moete in jonge Charles Darwin doe't er op syn twadde reis mei de Beagle Súd-Afrika oandie. Hy wie ek ien fan de ûndersikers dy't tusken 1839 en 1871 mei Darwin korrespondearre.

Fan 1837 oant 1872 wied er yn Grut-Brittannië dêr't er yn 1841 in wichtige funksje yn it leger beklaaide (prinsipal medical officer) yn Fort Pitt te Chatham. [3] Dêr troude er yn 1844 mei syn húshâldster Ellen Henderson.

Hy wie ferantwurdlik foar de medyske tsjinst yn de Krimoarloch (1853-1856) en waard swier bekritisearre troch Florence Nightingale. Smith waard nei de Krimoarloch troch in ûndersykskommisje fan alle blaam suvere. Hy ferliet yn 1858 om sûnensredenen de militêre tsjinst en ûntfong ferskate ûnderskiedingen. Ek waard er opnaam yn de prestizjeuze Oarder fan it Bad (Order of the Bath). Hy mocht him dêrnei Sir Andrew Smith neame.

Op foarspraak fan Darwin waard er yn 1857 lid fan 'e Britske akademy foar wittenskippen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: