Andreas Baader
| Andreas Baader | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Andreas Bernd Baader | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 6 maaie 1943 | |
| berteplak | München | |
| stoarn | 18 oktober 1977 | |
| stjerplak | Stuttgart | |
| wurkpaad | ||
| organisaasje | Rote Armee Fraktion | |
| misdie | terrorisme, brânstichting, meardere bankynfallen, ynbraken en bomoanslaggen | |
| straf | libbenslang | |
| status | ferstoarn yn finzenskip | |
Andreas Bernd Baader (München, 6 maaie 1943 - Stuttgart, 18 oktober 1977) wie in foarman fan de lofts-ekstremistyske terreurgroep Rote Armee Fraktion (RAF)
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Baader wie de soan fan in histoarikus dy't yn 'e Twadde Wrâldkriich sneuvele wie. Foardat er yn it lofts-radikale aksjewêzen telâne kaam, late er it libben fan in rebelske bohemien. Makke gjin inkelde skoalle ôf en hie in tal losse wurkplakken. En wie in bekende yn de Dútske lhbt-mienskip.
Yn 1968 waard Baader tegearre mei ûnder oaren Gudrun Ensslin feroardiele ta trije jier sel fanwegen brânstichting yn twa warehuzen yn Frankfurt am Main. Se waarden yn juny 1969 frijlitten doe't se yn heger berop gien wiene, mar dûkten ûnder doe't dit ôfwiisd waard. Baader waard yn april 1970 opnij oppakt. In wapene groepke ûnder lieding fan Ensslin wist him op 14 maaie 1970 te befrijen. Se krigen hjirby help fan de linkse sjoernaliste Ulrike Meinhof. Dizze befrijingsaksje wurdt sjoen as it earste wapenfeit fan de Rote Armee Fraktion.
De groep, neist Baader, Ensslin en Meinhof besteande út Horst Mahler, Holger Meins, Jan-Carl Raspe en noch ferskate oaren, wie yn de twa jier dy't folgen ferantwurdlik foar meardere bankoerfallen, ynbraken en bomoanslaggen. Hjirby foelen yn totaal fjouwer deaden en mear as 30 ferwûnen. Op 15 juny 1972 waarden de wichtichste kopstikken, ûnder wa't Baader wie, oppakt en letter ta libbenslange finzenisstraf feroardiele. Fanwegen it grutte gefaar foar de Dútske mienskip waarden de oppakte groepsleden yn ekstra bewaakte ynrjochtingen pleatst en waard der yn Stuttgart-Stammheim sels in nije, hypermoderne finzenis boud.
Op 18 oktober 1977 ferstoar Baader yn syn sel oan de gefolgen fan in skotwûn. Dyselde moarns waarden ek Ensslin en Raspe dea yn harren sellen oantroffen. Irmgard Möller, in fjirde RAF-lid, waard swier ferwûne fûn mei in stekwûn. Yn de moannen foarôfgeand oan Baaders dea besocht de saneamde twadde generaasje fan de RAF mei ferskate gewelddiedige aksjes de Dútske steat te twingen om Baader en de oare finzen RAF-leden frij te litten, ûnder oare troch de ûntfiering fan wurkjouwersfoarsitter Hanns Martin Schleyer. Ien dei nei it ferstjerren fan de trije finzen RAF-leden waard it lichem fan Schleyer fûn.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|