Andrea Mitscherlich

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Andrea Ehrig)
Andrea Mitscherlich
sporter
Andrea Mitscherlich (1985)
Andrea Mitscherlich (1985)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Andrea Ehrig-Mitscherlich
nasjonaliteit Dútsk
bertedatum 1 desimber 1960
berteplak Dresden
lingte 1.65 m
gewicht 58 kg
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
O.S. Innsbruck, 1976,
Lake Placid 1980
Sarajevo 1984,
Calgary 1988
debút 1976
karriêre-ein 1988
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 1984, 1984
5x sulver Olympyske Spullen 1976, 1984, 1988
1x brûns Olympyske Spullen 1988,
2x goud WK Allround 1983, 1985
4x sulver WK Allround 1982, 1984, 1986, 1987

Andrea Ehrig-Mitscherlich (Dresden, 1 desimber 1960) is in earder Dútsk reedrydster. Wilens har karriêre kaam se út foar it doetiidske East-Dútslân. Se is ek wol bekend ûnder har troude nammen Andrea Schöne, en Andrea Ehrig.

As 15 jierrige wûn Mitscherlich op de Olympyske Winterspelen 1976 yn Innsbruck har earste medalje: sulver op de 3 km.

Yn 1982 waard se twadde op it WK allround, in jier letter, yn 1983, waard se sawol Europeesk- as Wrâldkampioen allround, yn 1985 helle se dizze dûbeldslach op 'en nij. Wêrnei't se yn 1986, 1987 en 1988 allinne noch Europeesk kampioen waard. By de WK's fan 1982, 1984, 1986 en 1987 einige se as twadde yn it klassemint, hieltyd efter har lângenoate Karin Enke.

Op de Olympyske Winterspullen 1988 yn it Kanadeeske Calgary fûn Mitscherlich de Nederlânske Yvonne van Gennip op har wei. Efter Van Gennip waard se twadde op de 3 en 5 km, en tredde op de 1500 meter. Fuort nei dizze Winterspullen beëinige se har reedriid karriêre.

Persoanlike rekords[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 40,71 22 febrewaris 1988 flagge fan Kanada Olympic Oval, Calgary
1000 meter 1.19,32 26 febrewaris 1988 flagge fan Kanada Olympic Oval, Calgary
1500 meter 2.01,00 22 maart 1986 flagge fan de Sowjetuny Medeo, Alma-Ata
3 km 4.12,09 23 febrewaris 1988 flagge fan Kanada Olympic Oval, Calgary
5 km 7.17,12 28 febrewaris 1988 flagge fan Kanada Olympic Oval, Calgary

Resultaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier EK
Allround
WK
Allround
WK
Sprint
Olympyske
Spullen
1976 1500 m, 10e
3 km, Sulver
1980 1500 m, 6e
3 km, 4e
1982 6e Sulver
1983 Goud Goud 6e
1984 Sulver 1000 m, Sulver
1500 m, Sulver
3 km, Goud
1985 Goud Goud 4e
1986 Goud Sulver 6e
1987 Goud Sulver 4e
1988 Goud 6e 500 m, 10e
1000 m, 4e
1500 m, Brûns
3 km, Sulver
5 km, Sulver

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:DE