Springe nei ynhâld

André Jousseaume

Ut Wikipedy
André Jousseaume
sporter
André Jousseaume mei Etain (1933)
André Jousseaume mei Etain (1933)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeAndré René Jousseaume
nasjonaliteit Frânsk
bertedatum27 july 1894
berteplakYvré-l'Évêque
stjerdatum26 maaie 1960
stjerplakChantilly
sportive ynformaasje
sportHynstesport
ûnderdielDressuer
O.S.Los Angeles 1932,
Berlyn 1936,
Londen 1948,
Helsinki 1952,
Stockholm 1956
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 2x 1932, 1948
Sulver grut sulver 2x 1936, 1948
Brûns grut brûns 1x 1952

André René Jousseaume (Yvré-l'Évêque, 27 july 1894 - Chantilly, 26 maaie 1960) wie in Frânsk hynstesporter.

Hy die fiif kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1932, 1936, 1948, 1952 en 1956). Hy waard yn Los Angeles en Londen Olympysk kampioen mei it Frânske team, yn Berlyn wûn er mei it team in sulveren medalje. Yndividueel wûn hy yn Londen it sulver en yn Helsinki it brûns.

As beropsoffisier focht Jousseaume yn de Earste Wrâldkriich by Ferdun. Yn de Twadde Wrâldkriich waard er yn 1940 as squadronsjef kriichsfinzen naam troch de Dútsers, mar rekke er net ferwûne. Nei syn pensjonearring waard kolonel Jousseaume haad fan'e riidklup yn Chantilly, dêr't er in protte ruters trainde en yn 1951 in trainingshânboek publisearre.
André Jousseaume ferstoar op 26 maaie 1960, yn 'e âldens fan 65 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: