Springe nei ynhâld

Andestúfearn

Ut Wikipedy
Andestúfearn
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skifthaukeftigen (Accipitriformes)
famyljehaukfûgels (Accipitridae)
skaaiAmerikaanske túfearnen (Spizaetus)
soarte
Spizaetus isidori
(Lesson), 1845
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De Andestúfearn of Andestoefearn (Spizaetus isidori; synonym: Oroaetus isidori) is in rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). It is in bedrige fûgelsoarte yn 'e Andes tusken Fenezuëla en it noardwesten fan Argentynje.

De Andesearn is in grutte fûgel fan 60 oant 80 sm mei lange wjukken, in relatyf koarte sturt en in spanwiidte fan 144 oant 166 sm. De boppedielen en ek de kop mei de opfallende túf binne swart, de ûnderkant is kastanjebrún mei swarte streken. De sturt is grizich mei in dikke swarte einbân. Yn 'e flecht binne ûnder de wjukken witige slachpinnen mei donkere punten te sjen, dy't dêr kontrastearje mei rest fan'e kastanjebrún wjuk. De eagen binne oranje giel, de poaten binne giel en de waakshûd hat in gielige hoarnkleur.

Juvenilen ha op de boppedielen faak grize rânen oan 'e fearren en in witige ûnderkant.

Fersprieding en libbensgebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Andestúfearn komt foar op swier beboske hellingen fan 'e Andes en nei alle gedachten it measte yn grutte dellingen. De fûgel wurdt meastentiids tusken 1500 en 2800 meter boppe de seespegel waarnommen. Ut en troch wurdt de fûgel ek sjoen yn foar in part kapt bosk, mar dat is nei alle gedachten in streekrjocht gefolch fan it grutskalich ferlies fan oarspronklik bosk yn 'e subtropyske sône. De fûgel hat ferlet fan ûnfersteurd, oarspronklik berchwâld yn teminsten in diel fan syn grutte libbensgebiet.

De nêsten wurde yn hege beammen fan tichte bosk boud. De briedtiid falt meastentiids yn 'e drûge tiid, mar dit kin geografysk en fan jier oant jier ferskille. in lechsel bestiet út ien of twa aaien. De soarte jaget op in ferskaat oan sûchdieren en fûgels. Hinnen foarmje in hieltyd grutter part fan 'e proaidieren.

De grutte fan 'e populaasje waard yn 2023 troch BirdLife International rûchwei op 1400 oant 2500 folwoeksen fûgels en de oantallen rinne tebek troch it ferlies fan habitat. It libbensgebiet wurdt oantaast troch ûntbosking, wêrby't natuerlik bosk omset wurdt yn gebiet foar agrarysk gebrûk en mynbou-aktiviteiten.

Meidat minsken it leefgebiet fan 'e soarte kolonisearje, nimme ek de konfrontaasjes tusken de fûgel en de minsken mei harren hûsdieren ta. Dêrom wurdt de fûgel ek troch de befolking ferfolge. De soarte stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as bedrige.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: