Springe nei ynhâld

Andeskondor

Ut Wikipedy
Andeskondor
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôffûgels (Accipitriformes)
famyljegierfûgels fan de Nije Wrâld (Cathartidae)
skaaiAndeskondors (Vultur)
soarte
Vultur gryphus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet

De Andeskondor (Vultur gryphus) is in rôffûgel út 'e famylje fan 'e gierfûgels fan de Nije Wrâld (Cathartidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1758 publisearre troch Linnaeus yn 'e tsiende edysje fan Systema Naturae. It is ien fan 'e grutste fleanende fûgels op ierde en in nasjonaal symboal foar ferskate Súd-Amearikaanske lannen.

Mantsje.

De Andeskondor hat in wjukspanne fan 2,70 oant 3,20 meter. Hoewol't guon albatrossen in gruttere spanne hawwe, hat de Andeskondor fan alle fleanende fûgels it grutste wjukoerflak. De lichemslingte fan kop oant sturt leit tusken de 1,20 en 1,30 meter. Mantsjes binne grutter en swierder as wyfkes; hja kinne 11 oant 15 kg weage, wylst wyfkes tusken de 8 en 11 kg sitte.

Wyfke.

Lykas in soad oare gieren hat de Andeskondor in keale kop. Folwoeksen fûgels hawwe in swart fearrekleed mei in wite kraach en grutte wite flakken op 'e wjukken. By mantsjes is de wite kraach grutter as by wyfkes. It mantsje is ek te werkennen oan in grutte reade kaam op 'e kop en hûdfâlden yn 'e nekke. De hûd fan 'e kaam en de nekke kin read oanrinne; dat wurdt brûkt om sosjale sinjalen nei soartgenoaten troch te jaan. By de wyfkes ûntbrekt de kaam.

Yn it wyld kinne Andeskondors wol 50 jier wurde, mar yn finzenskip wurde se âlder. Yn 2010 ferstoar Thaao yn Beardsley Zoo yn Bridgeport, Connecticut yn 'e âldens fan 79 jier, de âldst bekende Andeskondor fan 'e wrâld.[1]

De Andeskondor komt foar yn it hiele Andesberchtme, fan Fenezuëla oant yn it suden fan Argentynje en Sily. Yn it noarden fan 'e Andes is de soarte hjoed-de-dei seldsumer. As doarmer wurdt de kondor ek wolris sjoen yn Brazylje en Paraguay.

Kondors binne treflike sweeffleaners dy't gebrûk meitsje fan termyk om op hichten fan 3.000 oant 5.000 meter te kommen. Se kinne mear as 200 kilometer deis ôflizze op syk nei fretten. Ut ûndersyk (publisearre yn PNAS) docht bliken dat de fûgel mar ien persint fan syn tiid yn 'e loftoan wjukslaggen besteget. Hy kin kilometers efterinoar ôflizze troch fan 'e iene opgeande loftstream nei de oare te gliidzjen, mei hjir en dêr allinne in lytse korrizjearjende slach.[2]

It iten bestiet foaral út ies. Yn it binnenlân ite se karkassen fan grutte sûchdieren, wylst se oan 'e kust ek deade seesûchdieren frette.

In mantsje wurdt tusken syn fyfte en sechde jier geslachtsryp. Op dat stuit feroaret de kaam fan kleur fan read nei djipgiel en begjint er te sykjen nei in wyfke. Kondors binne monogaam. In wyfke leit om 'e twa jier ien aai op in ûntagonklike rotsrâne. Beide âlden fersoargje it jong: de earste seis moannen op it briedplak en dêrnei nochris seis moannen nei't it jong útflein is.

Andeskondors binne tige goede fleaners.

De wrâldpopulaasje waard yn 2017 troch BirdLife International rûsd op likernôch 6.700 folwoeksen fûgels. It oantal nimt stadich ôf. De soarte is kwetsber om't er him sa stadich fuortplantet. Bedrigings binne:

  • Ferfolging: Yn ôfhandige streken wurdt der noch op 'e fûgels jage.
  • Ferjouwing: Gieren wurde faak it slachtoffer fan fergiftige karkassen dy't troch feehâlders útlein wurde om rôfdieren te bestriidzjen. Om't de bisten somtiden yn grutte groepen fan itselde karkas frette, stjerre der yn it gefal fan in fergiftigd karkas wol tsientallen fûgels.[3]
  • Konkurrinsje: Der is jimmeroan mear konkurrinsje mei de swarte gier (Coragyps atratus), dy't it leefgebiet fan 'e Andeskondor binnenkringt.

Yn Sily en Argentynje wurdt it toeristysk belang fan 'e fûgel hieltyd mear sjoen, wat liedt ta bettere beskerming. De status op 'e Reade list fan 'e IUCN is gefoelig (near threatened).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: