Springe nei ynhâld

Andesgrûnspjocht

Ut Wikipedy
Andesgrûnspjocht
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftspjochteftigen (Piciformes)
famyljespjochten (Picidae)
skaaigrûnspjochten (Colaptes)
soarte
Colaptes rupicola
d'Orbigny, 1840
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Andesgrûnspjocht (wittenskiplike namme: Colaptes rupicola) is in fûgel út it skift fan 'e spjochteftigen (Piciformes), de famylje fan 'e spjochten (Picidae) en it skaai fan 'e grûnspjochten (Colaptes). Dit bist is lânseigen yn 'e sintrale Andes fan Súd-Amearika, dêr't er in stânfûgel is. Oars as de measte spjochten foerazjearret de Andesgrûnspjocht net yn 'e beammen, mar op 'e grûn. Syn nêsthoalen makket er yn steile wâlen en kliffen. It is in middelgrutte spjocht dy't frijwol útslutend ynsekten fret. De IUCN klassifisearret de Andesgrûnspjocht as net bedrige.

De Andesgrûnspjocht waard foar it earst yn 1840 wittenskiplik beskreaun troch de Frânske ornitolooch Alcide d'Orbigny. De fûgel waard oarspronklik yn it skaai Soroplex pleatst, dat letter gearfoege waard mei it skaai fan 'e grûnspjochten (Colaptes). Soroplex rupicola is sadwaande in yn ûnbrûk rekke synonym fan 'e wittenskiplike namme Colaptes rupicola. De Andesgrûnspjocht is it naust besibbe oan 'e Sileenske grûnspjocht (C. pitius), dêr't it de sustersoarte fan is.

De Andesgrûnspjocht komt foar yn 'e sintrale Andes fan Súd-Amearika. It ferspriedingsgebiet rint fan it uterste suden fan Ekwador fia Perû en Bolivia oant it uterste noarden fan Sily en it noardwesten fan Argentynje.

In Andesgrûnspjocht fan deunby besjoen.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Andesgrûnspjocht is in middelgrutte spjocht. Hy hat trochinoar in totale lichemslingte fan 32–33 sm, mei in gewicht fan 142–204 g. It fearrekleed fan folwoeksen eksimplaren fan 'e nominaatûndersoarte, oftewol de súdlike Andesgrûnspjocht (C. r. rupicola), is op 'e rêch en de wjukken fyn swart mei wyt streke. De kop is dûnkergriis fan 'e foarholle oant de nekke, en fan 'e snaffel ôf rint in dûnkergrize streek yn 'e rjochting fan it ear. De boppekant fan 'e sturt is swart, mar de ûnderkant is dûnkerbrún mei soms in gielige streek by de bûtenrâne lâns. De kiel, de wangen, it boarst, de bealch, de siden en it gat binne folle ljochter fan kleur: bêzje útskaaiend nei gielich en soms hielendal nei krêm of sels witich. It boarst en soms ek de siden binne lichtlik swart bespikkele. De hoarnkleurige (grizich swarte) snaffel is relatyf lang en hat in skerpe punt. De poaten binne gielich griis, grienich of grizich rôze.

Der bestiet by de Andesgrûnspjocht net folle seksuele dimorfy, útsein dat by mantsjes de grize streek fan 'e snaffel yn 'e rjochting fan it ear read oanset is om't de úteinen fan 'e fearren dêre in reade punt hawwe. Soms hawwe mantsjes ek yn 'e nekke in bytsje read. Wyfkes hawwe op gjinien fan beide plakken ea read. By juvenilen is it fearrekleed minder fel kleure as by folwoeksen eksimplaren. Ek hawwe se gjin spikkels, mar streekjes op it boarst en eventueel op 'e siden. Eksimplaren fan 'e middelste ûndersoarte, de Pûnagrûnspjocht (C. r. puna) hawwe in fearrekleed dat dat fan 'e nominaat net wanlyk is, mar dûnkerder fan kleur, sawol op 'e boppeste as op 'e ûnderste lichemsdielen. De trêde ûndersoarte, de noardlike Andesgrûnspjocht (C. r. cinereicapillus), is brunich bêzje yn it gesicht, op 'e kiel, en op it boarst, gielich bêzje op 'e bealch en it gat, en hat swarte streekjes ynstee fan spikkels op it boarst. Der sit nea read by mantsjes yn 'e nekke, en inkeld oan 'e útein fan 'e streek fan 'e snaffel yn 'e rjochting fan it ear.

Andesgrûnspjochten binne fûgels fan 'e iepen romte. Se bewenje heechflakten, lykas it Heechlân fan Bolivia, en berchwâlden, mar libje ek boppe de beamgrins yn lânskippen mei gers, rotsen en hjir en dêr wat strewelleguod. De Andesgrûnspjocht komt foar op in hichte fan 2.000 oant 5.000 m boppe seenivo, mar jout de foarkar oan in hichte fan 3.000 m en heger. Saakkundigen geane derfan út dat it by waarnimmings op hichten tusken de 2.000 en 3.000 m giet om folwoeksen eksimplaren dy't bûten de briedtiid omdoarmje op 'e siik nei fretten.

In Andesgrûnspjocht.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Andesgrûnspjocht is yn syn hiele ferspriedingsgebiet in stânfûgel, hoewol't er winterdeis troch snie en kjeld út 'e heechste parten fan syn areaal fierder nei ûnderen ta twongen wurdt. Dizze spjocht hat in wiidweidich repertoire fan fokalisearrings. De meast foarkommende roppen binne in skel, trochkringend kwii-ir en in lûd tjû-tjû-tjû. Mantsjes dy't in wyfke besykje te lokjen, roppe fan kwa-kwa-kwa, wii-ah, wii-ah of kwee-ap. Beide geslachten bringe fierders lûden fuort dy't klinke as piik en kek. Ornitologen miene dat de earste rop bedoeld is om kontakt tusken partners te hâlden as se inoar net sjen kinne, wylst de lêste in alaarmrop wêze soe. In heldere, delgeande triller, dy't klinkt as brrrri-dip, is foar 't neist foar kommunikaasje oer de langere ôfstân.

Andesgrûnspjochten binne territoriaal en libje solitêr, yn pearkes of yn swaarmen mei in maksimum fan likernôch tsien yndividuën (hoewol't ienris in swaarm fan 21 fûgels waarnommen is). Se brûke rotsen, kliffen en beammen as útsjochpunten en saaie dêrwei del op 'e grûn om te foerazjearjen. Dêrby pjukke en grave se mei har snaffel yn 'e grûn om en reagje der lytse stientsjeguod mei oan 'e kant op 'e siik nei proaien.

De peartiid falt foar Andesgrûnspjocht yn sintraal Perû fan septimber oant novimber, mar yn oare dielen fan it ferspriedingsgebiet liket dizze fûgel him fuort te plantsjen fan jannewaris oant maart. Andesgrûnspjochten nêstelje yn koloanjes, wat ûngebrûklik is foar spjochten, mei 10 of mear pearkes deun opinoar. Soms giet it om mingde koloanjes fan Andesgrûnspjochten en ierdswellen (Riparia riparia). De nêsthoalen wurde útgroeven yn steile wâlen of ierden kliffen. It wyfke leit 2–3 aaien. De briedtiid is net alhiel bekend, mar wurdt rûsd op 20–30 dagen. De piken binne nêstbliuwers, dy't helpleas te wrâld komme en fersoarge wurde troch beide âlden. It is net bekend op hokker leeftyd de pike útfleane.

In Andesgrûnspjocht brûkt in pealtsje as útsjochpunt.

Andesgrûnspjochten frette frijwol útslutend ynsekten. It meastepart fan it dieet bestiet út toarren en dy har larven, mar ek larven fan oare ynsekten steane op it menu, lykas rûpen (dat de larven fan flinters binne). Ek oare folwoeksen ynsekten wurde by gelegenheid lytsman makke.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Andesgrûnspjocht binne rôffûgels lykas earnen en hauken.

De Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN) beskôget de beide súdlike en de iene noardlike ûndersoarte fan 'e Andesgrûnspjocht as ferskillende soarten. Beide hawwe de IUCN-status fan "net bedrige", mei't se yn harren ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomme en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. In útsûndering op dy regel is Ekwador, dêr't de oanwêzigens fan 'e Andesgrûnspjocht pas yn 'e 1990-er jierren foar it earst fêststeld waard.

In Andesgrûnspjocht yn syn beamleaze habitat.

De sitewaasje mei de ûndersoarten fan 'e Andesgrûnspjocht is in bytsje ûndúdlik. Ferskate gesachhawwende ornitologyske organisaasjes, wêrûnder de Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU) en it Amerikaansk Ornitologysk Genoatskip (AOS), wize oan 'e Andesgrûnspjocht (Colaptes rupicola) 3 ûndersoarten ta:

  • de noardlike Andesgrûnspjocht (C. r. cinereicapillus Reichenbach, 1854) (fan súdlik Ekwador oant sintraal Perû)
  • de Pûnagrûnspjocht (C. r. puna Cabanis, 1883) (fan sintraal oant súdlik Perû)
  • de súdlike Andesgrûnspjocht (C. r. rupicola d'Orbigny, 1840) (fan súdlik Perû oant noardwestlik Argentynje)

Sawol de Pûnagrûnspjocht, dy't ferneamd is nei de Pûna, in oare namme foar it Heechlân fan Bolivia (en súdlik Perû), as de noardlike Andesgrûnspjocht waarden yn it ferline as selsstannige soarten beskôge. Guon gesachhawwende ornitologyske organisaasjes, lykas BirdLife International, diele ek no noch de Andesgrûnspjocht yn twa soarten op: de noardlike Andesgrûnspjocht (C. r. cinereicapillus) en de súdlike Andesgrûnspjocht (C. r. rupicola en C. r. puna).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.