Springe nei ynhâld

Andesgrûndowen

Ut Wikipedy
Andesgrûndowen
Metriopelia ceciliae
Metriopelia ceciliae
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:do-eftigen (Columbiformes)
famylje:dowen (Columbidae)
skaaiAndesgrûndowen (Metriopelia)
(Bonaparte, 1844)
Soarten
Metriopelia aymara
Metriopelia ceciliae
Metriopelia melanoptera
Metriopelia morenoi

Andesgrûndowen (Metriopelia) foarmje in fûgelskaai út de famylje dowen (Columbidae). De soarten fan it skaai libje yn drûge, hege berchgebieten fan 'e Andes fan noardlik Kolombia oant súdlik Argentynje. By trije fan 'e fjouwer soarten is der by it each in oranje neaken gebiet. It binne lytse dokes dy't ôfhinklik fan 'e soarte tusken 17,5 oant 23,5 sm lang wurde.

Andesgrûndowen binne dokes, dy't sied fan 'e grûn sykje en harren nêst op 'e grûn of tichteby de grûn yn strûken bouwe. Se fleane allinnich op koarte ôfstannen.

It skaai bestiet út fjouwer soarten.

OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeStatus * /
trend *
BrûnswjukgrûndoMetriopelia aymaranet bedrige
stabyl[1]
BrildokeMetriopelia ceciliaenet bedrige
stabyl[2]
SwartwjukgrûndoMetriopelia melanopteranet bedrige
stabyl[3]
Moreno's grûndoMetriopelia morenoinet bedrige
stabyl[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: