Andesgoes
Andesgoes | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Chloephaga melanoptera | ||||||||||||
Eyton, 1838 | ||||||||||||
IUCN-status: net-bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De Andesgoes (Chloephaga melanoptera) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De fûgel is ien fan 'e fiif soarten yn it skaai Súdamerikaanske guozzen.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Andesguozzen wurde 70 oant 76 sm lang en wege tusken 2.73 en 3.64 kg. Beide skaaien ha itselde fearrekleed. De kop fan 'e folwoeksen fûgels is wyt. De slachpinnen fan 'e wjukken en de sturt binne swart mei in grieneftige glâns. De snaffel is rôzeread mei in swarte punt, wylst de poaten ljochtread binne.
De dûnzige piken binne yn 'e regel wyt mei in pear swarteftige plakken en streken. Juvenilen binne te ferlikenjen mei de folwoeksen fûgels, mar doffer. Harren bealchjes binne wat brutsen wyt, de sydkanten fan 'e kop faak foar in part griis en de skouders brúngriis.
Lykas by de oare soarten fan it skaai ferskille mantsjes yn wyfkes fan inoar troch it lûd dat se meitsje. Mantsjes meitsje in fluitsjend lûd, wylst wyfkes balte.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soart wurdt oantroffen yn 'e Perûaanske departeminten Ancash en Junín en nei it suden troch westlik Bolivia oant de Sileenske regio Ñuble en noardwestlik Argentynje. It biotoop bestiet út iepen gerslân, sompen en de iggen fan marren en lagunes. Andesguozzen wurde boppe de 3.000 m oantroffen, mar yn Sily sykje se by swiere sniefal ek legere dielen op. Yn Sintraal-Sily falt it ferspriedingsgebiet fan 'e Andesgoes gear mei dat fan 'e heechlângoes.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Andesguozzen binne stânfûgels. Se binne meast op it lân te finen. Se fleane om oan fijannen te ûntkommen en liede de piken nei wetter om predators te mijen. Der is eins neat bekend oer it dieet fan 'e soarte, mar it hat der fan dat de fûgels allinne gerssoarten yt. Bûten de briedtiid foarmje se fakentiden losse groepen.
Yn 'e briedtiid binne se territoariaal. Begjin novimber, as it dêr maitiid is, begjint de briedtiid. Se meitsje net in soad drokte foar it bouwen fan in nêst en lizze de aaien tusken wat begroeiïng en somtiden op 'e keale grûn. In lechsel bestiet út fiif oant tsien aaien. Mantsjes beweitsje de wyfkes by it brieden, dat likernôch 30 dagen duorret.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN klassifisearret de Andesgoes as net bedrige. De fûgel hat in hiel grut ferspriedingsgebiet en it oantal fûgels wurdt op 16.700 - 66.700 folwoeksen fûgels rûsd (Wetlands International, 2023). Der wurdt fanútgien dat de oantallen stabyl binne en der binne gjin spesifike bedringen bekend. It biotoop is rûch en dêrfandinne ha de fûgel gjin lêst fan minsken.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- BirdLife, oproppen 10 febrewaris 2025.
- IUCN, oproppen 10 febrewaris 2025.
- Ebird, oproppen 10 febrewaris 2025.
- Avibase, oproppen 10 febrewaris 2025.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen en/of referinsjes: en:Chloephaga hybrida
|