Springe nei ynhâld

Andesflamingo

Ut Wikipedy
Andesflamingo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftflamingo-eftigen (Phoenicopteriformes)
famyljeflamingofûgels (Phoenicopteridae)
skaaiheechlânflamingo's (Phoenicoparrus)
soarte
Phoenicoparrus andinus
Philippi, 1854
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     stânfûgel

     wintergast


De Andesflamingo (Phoenicoparrus andinus) is in relatyf seldsume flamingosoarte. Dizze fûgel heart ta de famylje fan 'e flamingofûgels en libbet heech yn it Andesberchtme fan Súd-Amearika.

De Andesflamingo is in grutte fûgel mei in lingte fan likernôch 100 oant 110 sintimeter. It fearrekleed is foar it grutste part rôze-wyt, mar de boppekant fan it boarst hat faak in djippere wynrôze kleur. In opfallend skaaimerk dat de soarte ûnderskiedt fan oare flamingo's binne de giele poaten. Dêrneist hat de fûgel mar trije teannen (hy mist de hallux (eftertean)). De snaffel is bleekgiel by de basis en hat in grutte, swarte punt dy't fierder trochrint as by oare soarten.

Fûgels yn Bolivia.

De Andesflamingo komt foar yn 'e heechlizzende sâltmarren fan 'e Andes (de Altiplano), op hichten tusken de 3.00 en 4.800 meter boppe seenivo. It ferspriedingsgebiet beslacht it suden fan Perû, West-Bolivia, Noard-Sily en it noardwesten fan Argentynje. Winterdeis lûke guon fûgels nei legere nei legerlizzende marren yn Argentynje en oare parten fan it suden fan it ferspriedingsgebiet.

De Andesflamingo is spesjalisearre yn it filterjen fan benammen diatoomeeën (kizelwier) út it sâlte wetter. Se briede yn grutte koloanjes op eilantsjes yn sâltmarren of sâltflakten, dêr't se kegelfoarmige nêsten fan klaai en modder bouwe. Meastentiids wurdt der mar ien aai lein per briedseizoen.

Status en bedrigingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de Andesflamingo as kwetsber. De populaasje hat yn it ferline slim te lijen hân fan it sammeljen fan aaien foar de ferkeap. Hjoed-de-dei binne de grutste bedrigingen de fersteuring fan it habitat troch mynbou (benammen it winnen fan lithium), wetterfersmoarging en de gefolgen fan klimaatferoaring, wat liedt ta it útdrûgjen fan 'e marren dêr't se libje.[1]

Yn ferskate lannen wurde de flamingomarren no beskerme gebieten. In wichtich foarbyld is it natuermonumint Salar de Surire.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: