Andelst
| Andelst | ||
| Hersteld herfoarme tsjerke | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 1.725 (2024)[1] | |
| Oerflak | 6,65 km² | |
| Oar | ||
| Koördinaten | 51°54' N 5°43'E | |
| Kaart | ||
Andelst is in doarp yn 'e gemeente Overbetuwe yn 'e Nederlânske provinsje Gelderlân.
It doarp is al âld en wurdt al sûnt de Romeinske tiid bewenne. It plak ûntwikkele him op in ferheging yn it lân om oerstreamingen de baas te bliuwen.
Yn it jier 885 waard it plak 'Andassale' neamd, in namme dy't ferwiist nei "seal fan Ando". Yn 1295 waard it doarp 'Anders' neamd.
Yn it doarp stiet de herfoarme tsjerke mei in romaansk, 11e-iuwsk skip, in toer út 1400 en in goatysk koer út 1440. Oant 1846 stie west fan it doarp in kastiel, it Hûs Andelst.
Oan 'e noardlike kant fan it doarp leit it treinstasjon Zetten-Andelst.
Oant 2001 hearde it doarp by de gemeente Valburg. It âlde gemeentehûs stie yn Andelst, dat no brûkt wurdt as ferpleechhûs.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dit artikel is foar in part of hielendal in oersetting fan [:nl:Andelst]
|
| Overbetuwe | ||
|---|---|---|
| Doarpen: Andelst • Driel • Elst • Hemmen • Herveld • Oosterhout • Randwijk • Slijk-Ewijk • Valburg • Zetten | ||
| Buorskippen: Aam • Bredelaar • Eimeren • Herveld-Noard • Herveld-Súd • Homoet • Indoornik • Keulse Kamp • Lakemond (foar in part) • Leedjes • Lijnden • Loenen • Merm • Raayen • Reeth • Snodenhoek • Wolferen | ||
