Andalûsjer
| Andalûsjer | ||
| hynsteras | ||
| Algemiene ynformaasje | ||
| oarspronglân | Spanje | |
| type | waarmbloed | |
| gebrûk | dressuer | |
| Uterlik | ||
| skofthichte | ± 1,55–1,74 m | |
| kleur(en) | skimmel, brún, swart en oars | |
| Karakter en eigenskippen | ||
| temperamint | moedich, trou, gewillich | |
| Fokkerij | ||
| stamboek | ANCCE | |
| Oare ynformaasje | ||
| fersprieding | oer de hiele wrâld | |
| Webside | ||
| www.ancce.es | ||
De Andalûsjer stamt ôf fan it Spaanske hynder (Pura Raza Española - PRE). It hynder hat in grutte ynfloed hân op 'e ûntwikkeling fan oare hynsterassen yn 'e wrâld. Oant de 19e iuw wie it Spaanske hynder meastal troch de Andalûsjer ìt hynsteras fan Europa. De Spaanske Rydskoalle yn Wenen ûntliende de namme oan it ras en ek de sniewite en ferneamde Lippizaners stamme ôf fan dit ras, wêrfan't yn 'e 16e iuw hynders nei Lipica yn Sloveenje brocht waarden.
It Spaanske hynder of Andalûsyske hynder foarme de basis fan in soad hynsterassen yn 'e wrâld, wêrûnder it Fryske hynder en alle Amerikaanske hynsterassen.
Ofstamming
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Andalûsjer waard fral yn it gebiet om Jerez de la Frontera, Cordoba en Sevilla fokt en jierrenlang ha kartuzer kleasterfokkerijen it ras mei soarch ûnderholden.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Andalûsjer is in elegant hynder mei goed wat yn 'e bouten. Bysûnder binne de lange en faak slaggerige moanjes. Syn hals is net sa lang en moai bôge, it hynder hat sterke skouders en goede en sterke sprongknieren.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Horses (Eyewitness Handbooks) – 1 jannewaris 1993 9780751310085
|
