Anatoli Karpov

Ut Wikipedy
Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer skaker.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Anatoli Karpov (1993)

Anatoli Jevgenevitsj Karpov (Zlato-oest, 23 maaie 1951) is in Russysk skaker. Hy is grutmaster en earder wrâldkampioen skaken.

Yn 1969 waard hy jeugdwrâldkampioen. Yn 1971 wûn hy syn earste grutte toernoai yn de Sovjet-Uny, it Aljechin Memorial, en ek syn earste ynternasjonale toernoai, yn Hastings. Yn 1973 begûn hy oan in opmars nei it wrâldkampioenskip troch tegearre mei Viktor Kortsjnoj it Interzone-toernoai fan Leningrad te winnen. Yn 1974 fersloech hy yn de kandidatematches earst Lev Poloegajevski (5½-2½), doe Boris Spasski (7-4) en Kortsjnoj (12½-11½).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: