Springe nei ynhâld

Harderwilster

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Anarhynchus pecuarius)
harderwilster
Folwoeksen fûgel yn simmerdracht
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaaidûkelmantsjes (Anarhynchus)
soarte
Anarhynchus pecuarius
Temminck, 1823
IUCN-status: net bedrige

De harderwilster (Anarhynchus pecuarius, synonimen: Helenaegialus pecuarius, Charadrius pecuarius) is in Afrikaansk fûgeltsje út it skaai dûkelmantsjes (Anarhynchus) yn 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae). De fûgel wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is.

Fûgel oan 'e Sabierivier yn it Krugerpark, Súd-Afrika.

De harderwilster is in lytse wilster fan 14 oant 16 sintimeter mei tige karakteristike kopmarkearingen yn it simmerkleed: in wite foarholle, nekke en kiel, in griisbrune kroan, in swarte eachstreek en in swart bân oer de kop. De ûnderside is oranjekleurich, wylst de fearkes fan 'e boppekant yn alle drachten kontrastryk binne. De soarte is yn it winterkleed dreger fan it dûkelmantsje te ûnderskieden, mar de harderwilster hat langere poaten as de lêste, dy't yn 'e flecht efter de sturt útstekke. Boppedat is de kraach, de wynbrauwen en it boarst dúdlik bêzje fan kleur.

De soarte komt yn 'e Nyldelling en fierder yn Afrika besuden de Sahara en op Madagaskar foar. De harderwilster is in swalker yn Europa.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel komt foar op dridzige wetterkanten, flakke kusten en by fivers en lyksoartich habitat. It nêst leit fuort op 'e grûn en bestiet út in lyts, ûndjip kûltsje. De fûgel leit meastentiids twa aaien, dy't troch beide âlden yn 22 oant 28 dagen útbret wurde. Beide âlden soargje foar de jongen, dy't nei sawat 25 dagen útfleane. Under geunstige omstannichheden briedt de fûgel twaris yn it seizoen.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt tocht dat de populaasje ôfnimt, mar noch net sa bot om de fûgel as bedrige te beskôgjen. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) neamt de soarte as net bedrige (Least Concern, 2025). in rûzing fan 2023 giet út fan in wrâldpopulaasje fan 101.000 oant 217.000 fûgels út.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: