Springe nei ynhâld

Prêrjewilster

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Anarhynchus montanus)
prêrjewilster

briedgast
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaaidûkelmantsjes (Anarhynchus)
soarte
Anarhynchus montanus
Townsend, 1837
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     wintergast

De prêrjewilster (Anarhynchus montanus, synonym: Charadrius montanus) is in fûgel út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).

Winterkleed.

De prêrjewilster is in 21–23,5 sm lange, brune fûgel. De kop hat in wyt gesicht mei yn it briedkleed in diels swarte krún en in swarte streek tusken de snaffel en it each. De boppedielen binne brûn en ûnder is de fûgel wyt sûnder boarstbân. By net-briedende fûgels ûntbrekt it swart op 'e krún.

De prêrjewilster briedt yn Noard-Amearika fan 'e Grutte Flakten fan westlik Kanada oant it súdwesten fan 'e Feriene Steaten. Winterdeis migrearret er nei noardlik Meksiko. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, itjinge betsjut dat er net ferdield is yn ûndersoarten.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel yt ynsekten en oare lytse lidpoatigen. Se binne faak mei fee te sjen, dy't ynsekten oanlûke en opjeie.

Se nêstelje yn 'e iere maitiid (april yn it noarden fan Kolorado) op keale grûn. It briedgebiet moat út keale grûn mei koarte en net in soad begroeiïng bestean. Se sykje meast in gebiet út dat se diele mei bizons en swartsturtprêrjehûnen, bisten dy't it gers koart hâlde. Der wurdt tocht dat se graach op 'e keale grûn briede om't se sa yn it lânskip opgean en ferside bliuwe foar rôffûgels en dat de koarte begroeiïng it foar se mooglik makket om rôfdieren gau te sjen. Ek wurdt tocht dat de koarte begroeiïng it makliker foar se makket om ynsekten te finen.

De aaien komme, as se net opfretten wurde troch predators lykas slangen, prêrjewolven of kitfoksen, nei 28 oant 31 dagen út. De pykjes ferlitte it nêst koart nei it útkommen en yn 'e twa of trije dagen dêrnei ferhûzet de famylje nei in plak dêr't genôch iten is, faak by in wettertank foar fee.

De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de prêrjewilster as hast bedrige (Near Threatened, 2020). De wrâldpopulaasje bestiet út mar 20.000 folwoeksen fûgels en dêrnjonken is syn oantal lang ôfnommen troch ferlies fan habitat en degradaasje feroarsake troch lânbou, urbanisaasje en oerbeweiding. Neffens ynformaasje út 2017 soe de de soarte alle jierren licht ôfnimme, mar de marzje fan flaters is grut en der binne oanwizings dat de populaasje mooglik stabilisearret.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: