Springe nei ynhâld

Wytkraachwilster

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Anarhynchus dealbatus)
wytkraachwilster
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaaidûkelmantsjes (Anarhynchus)
soarte
Anarhynchus dealbatus
Swinhoe, 1870
IUCN-status: net bedrige

De wytkraachwilster (Anarhynchus dealbatus, synonym: Charadrius dealbatus) is in fûgel út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).

De 16 oant 17 sm lange wilster is in lytse bleke wilster mei sânkleurige boppedielen, rôze-eftige poaten en in koarte swarte snaffel. It mantsje hat yn briedkleed in meast readbrune krún en lytse swarte plakjes boppe op 'e kop en oan 'e sydkanten fan it boarst. It gesicht is meast wyt, ynklusyf it gebiet tysken de snaffel en it each. Briedende wyfkes en folwoeksen fûgels bûten de briedtiid binne doffer en misse swart en readbrún. It gesicht is dan bleek, al kin der noch in lyts bytsje brún tusken de snaffel en it each sitte.

De fûgel briedt yn oan strannen fan súdeastlik Sina en oerwinteret yn súdlik Fjetnam, súdlik Tailân, it Maleiske Skiereilân, Singapoer en súdeastlik Sumatra. Hy wurdt as monotypysk behannele, wat betsjut dat er net yn ûndersoarten ferdield is.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en en wurdt troch de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) as net bedrige (Least Concern, 2023) klassifisearre. De populaasjetrend fan 'e soarte is net bekend. De folsleine populaasje wurdt op 25.000 oant 250.000 folwoeksen fûgels rûsd.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: