Springe nei ynhâld

Dûbelbânwilster

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Anarhynchus bicinctus)
Dûbelbânwilster
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaaidûkelmantsjes (Anarhynchus)
soarte
Anarhynchus bicinctus
Jardine & Selby, 1827
IUCN-status: hast bedrige

De dûbelbânwilster (Anarhynchus bicinctus) is in waadfûgel út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).

Net-briedende dûbelbânwilster.

De dûbelbânwilster is in lytse (18–21 sm) mar stevige wilster. Yn it briedkleed hat er twa dwersbannen oer it boarst, de boppeste tinner en swarteftich, de ûnderste breder en readbrún. Hy hat ek wyt op 'e foarholle mei in swarte dwersbân dêrboppe en ek wyt op it kin, de kiel en it ûnderste diel fan 'e wang. By wyfkes kinne de swarte gebieten mear brúnich wêze en is de ûnderste boarstbân minder yntins.

Bûten it briedseizoen binne de boarstbannen werombrocht ta griiskleurige plakken oan 'e flanken en hat de soarte mear fan oare wilsters. Hy ûnderskiedt him lykwols dan noch troch syn bêzje gesicht en ljochte nekkekraag. Yn ferlikening mei besibbe wilsters hat er sawol koartere poaten as in koartere, tinnere snaffel.

De fûgel libbet yn Austraalje en Nij-Seelân. Der binne twa ûndersoarten:

De grutte fan 'e populaasje wurdt op 8.000 oant 14.000 folwoeksen fûgels rûsd. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de status fan hast bedrige (Near Threatened, 2020). Tocht wurdt dat de fûgel yn oantal ôfnimt.

Briedende fûgel
Aaien en útkommend pykje
Pyk


Boarnen, noaten en/as referinsjes: