Tibetaanske sânwilster
| Tibetaanske sânwilster | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Anarhynchus atrifrons | ||||||||||||
| Wagler, 1829 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De Tibetaanske sânwilster (Anarhynchus atrifrons, protonym Charadrius atrifrons) is in fûgel út it skaai dûkelmantsjes (Anarhynchus) yn 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae). Oant koartlyn waarden de Tibetaanske sânwilster en de Sibearyske sânwilster ûnder de namme Mongoalske wilster as fûgels fan 'e selde soarte behannele. De skaainamme waard yn 2024 yn Anarhynchus feroare.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel hat donkere poaten, eagen en snaffel yn alle drachten. Simmerdeis binne de fearren griisbrún fan boppe en wyt fan ûnder. De boppekant fan 'e nekke en it boarst ha in reabrune tint. Utsein in swarte team fan 'e saffel nei it wang is it gesicht wyt oant de kiel. De fearren fan it wyfke binne fergelykber mei dy fan it mantsje, mar doffer fan kleur. Winterdeis is de fûgel te ferlykjen mei it dûkelmantsje, mar de Tibetaanske sânwilster is grutter en hat gjin wyt op 'e nekke en siden fan 'e sturt.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tibetaanske wilster briedt yn bercheftige gebieten fan 'e Tiensjan en de Pamir yn it westen oer it Tibetaanske Plato oant it eastlikste Tibet. De fûgel wurdt yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding ferdield:
- atrifrons – briedt op hege plato's en yn healwoastinen boppe de beamgrins yn it westlikste Tibet, lykas ek gebieten fan Ladakh yn noardwestlik Yndia.
- pamirensis – briedt yn it oangrinzgjende Tadzjikistan en Kirgyzje; oerwinteret yn Afrika en westlik Yndia.
- schaeferi – briedt fan Tibet en noardeastlik oant Qinghai yn sintraal Sina.
By't winter migrearret de Tibetaanske wilster nei in ferspriedingsgebiet fan Súdeast-Aazje westlik troch Yndia en it Midden-Easten oant eastlik Afrika. De eastlike populaasje (schaeferi) oerwinteret fan Súdeast-Aazje oant Java.
De fûgel is in tige seldsume dwaalgast yn Europa.
Hâlden end dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Tibetaanske sânwilster briedt lykas ek de Sibearyske sânwilster boppe de beamgrins yn bercheftige regio's oant 5.500 m yn 'e Himalaya. It habitat bestiet út dellingen mei mar in bytsje begroeiïng of tûndra- en steppegebieten by sompen of op fochtige grûn mei grint, stiennen of sân. Yn Sibearje briedt er ek oan kusten. It nêst is in yn 'e grûn groeven kûltsje.
Winterdeis wurdt er allinnich oan sânstrannen, op waad of yn dunen waarnommen. Ut en troch is de fûgel ek yn mangrovesompen te sjen of foerazjearend op koraalriffen dy't boppe it wetter útstekke. By de migraasje kin er ek oan marren en rivieriggen of op kultiviearre lân sjoen wurde.
Yn 'e briedtiid yt de fûgel ynsekten lykas krobben, miggelarven en ek krabben. Winterdeis yt er ek weakdieren en seeboarstelwjirms.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt tocht dat er yn oantal ôfnimt, hoewol net sa bot om as bedrige te beskôgjen. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2023). De populaasje wurdt op 400.000 oant 480.000 folwoeksen fûgels rûsd.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Dûkelmantsje
- Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Reade See
- Lânseigen fauna yn de Perzyske Golf
- Lânseigen fauna yn de Súdsineeske See
- Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Brûnei
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn de Maldiven
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn de Seysjellen
- Lânseigen fauna yn it Britsk Territoarium yn de Yndyske Oseaan
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn de Kokoseilannen
- Lânseigen fauna yn Krysteilân
