Springe nei ynhâld

Dûkelmantsjes

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Anarhynchus)
Dûkelmantsjes
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje:wilsterfûgels (Charadriidae)
skaai:Dûkelmantsjes (Anarhynchus)
Quoy & Gaimard, 1832

Dûkelmantsjes (Anarhynchus) foarmje in fûgelskaai út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae)

It binne lytse oant middelgrutte waadfûgels mei in kompakt bealchje en in relatyf koarte nekke. De snaffel is koart, meastentiids rjocht en puntich, oanpast oan it pikken fan proaien fan 'e grûn. Yn ferhâlding ta it bealchje binne de poaten relatyf lang.

It fearrekleed fan 'e soarten is faak brún, griis en sânkleurich mei kontrastearjende tekeningen lykas in boarstbân, in eachstreek of in masker. It winterkleed fan 'e soarten is faak ienfâldiger.

Se libje yn iepen lânskip sûnder hege begroeiïng lykas strannen, kustgebieten, waad, rivieriggen, gerslân en tûndra. Guon soarten komme ek yn drûge of rotseftige gebieten foar. In soad soarten yn it skaai binne echte trekfûgels, somtiden oer tige lange ôfstannen, mar der binne ek soarten dy't foar in part migrearje of stânfûgel binne.

It iten fan 'e fûgels bestiet út ynsekten, wjirms, lytse kreefteftigen en weakdieren. Se ha in karakteristike wize fan foerazjearjen troch hurd te rinnen en ynienen koart te stoppen om in proai te pikken, hiel oars as in soad oare waadfûgels dy't stadiger en geandewei proaien pikke.

Dûkelmantsjes briede op 'e grûn yn in ûndjip kûltsje yn sân of tusken grint. De aaien binne bûnt en ha in goede kamûflaazje. Sawol mantsjes as wyfkes briede. Komme der rôfdieren by it nêst, dan ha dûkelmantsjes in opfallende wize om de predators by it nêst wei te lokken troch te dwaan lykas se ferwûne binne. Oer it generaal binne se skou en wachsum. Se ha relatyf hege, heldere ropkes, faak fluitsjend.

De measte soarten stienen earder yn it skaai Charadrius, mar nei't bliken die dat dat skaai polyfyletysk wie, ferhûzen 23 soarten nei it oant doe monotypyske skaai Anarhynchus. Yn âldere literatuer falt de fûgel dêrom noch ûnder it skaai Charadrius.


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Charadrius fan Wikimedia Commons.