Anambra-astrild
| Anambra-astrild | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Estrilda poliopareia | ||||||||||||
| Reichenow, 1902 | ||||||||||||
| IUCN-status: hast bedrige | ||||||||||||
De Anambra-astrild (Estrilda poliopareia) is in seldsume fûgel út de famylje fan 'e prachtfinken (Estrildidae). De fûgel is nau besibbe oan 'e somp-astrild (Estrilda paludicola), mar ûnderskiedt him troch syn ljochte ring om de iris.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Anambra-astrild wurdt likernôch 12 sintimeter lang. It fearrekleed is oer it algemien brúngriis. De boppekant fan 'e kop en de rêch binne griisbrún mei hiel ljochte dwersstreekjes dy't hast net te sjen binne. De stút is, oars as by de swartstútastrild, read fan kleur. Om de iris is in hast wite ring en dêrmei ûnderskiedt er him fan 'e oare soarten yn it skaai. De snaffel is read en de poaten binne donkergriis. Der is gjin dúdlik ferskil tusken it mantsje en it wyfke.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel hat in tige beheind ferspriedingsgebiet en komt allinnich foar yn it súden fan Nigearia en it súdeasten fan Benyn, benammen yn 'e delling fan 'e rivier de Niger en de Anambra-rivier. Se libje dêr yn heech gerslân, sompen en oan boskrânen. Se wurde ek wol sjoen yn lânbougebieten dêr't gierst ferboud wurdt.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Se wurde meast sjoen yn lytse groepen fan maksimaal 20 fûgels, faak yn selskip fan oare astrildesoarten. Se ite foaral gerssied, dat se fuort fan 'e ieren helje.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel hat in beheind ferspriedingsgebiet en te lijen fan habitatferlies troch de útwreiding fan 'e lânbou en it platbaarnen fan gerslannen. De totale populaasje wurdt rûsd op minder as 1.300 oant 2.300 folwoeksen fûgels. Sûnt 2017 is de status fan 'e Anambra-astrild op 'e IUCN-list lykwols fan kwetsber nei hast bedrige (Near Threatened) opwurdearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
