Springe nei ynhâld

Anagni

Ut Wikipedy
Anagni
Bestjoer
Lânflagge fan Itaalje Itaalje
RegioLatium
ProvinsjeFrosinone
Sifers
Ynwennertal20.569 (30.06.2025)[1]
Oerflak112,81 km²
Hichte424 m boppe seenivo
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten41° 45'N 13° 09'E
Kaart
Anagni (Itaalje)
Anagni

Anagni is in stêd en gemeente yn 'e Italjaanse provinsjie Frosinone (regio Latium).

It wiene de Hernici, in âld Italjaansk folk, dy't it plak op in rotsige útrinner stiften en dêr harren haadstêd hiene. Yn 306 f.Kr. waard Anagni troch de Romeinen oermastere. Sûnt de tredde iuw groeide it kristendom troch de ynset fan 'e biskop fan Trani, Sint-Magnus, dy't hjoed-de-dei noch jimmeroan de patroanhillige fan 'e stêd is. De stêd hie al ier machtige muorren en wie yn 'e midsiuwen in pauslike residinsje.

Pauslik paleis.

Paus Bonifatius VIII waard yn Anagni berne. Ien fan 'e bekendste foarfallen yn Anagni wie de Schiaffo d'Anagni, de Klap fan Anagni. Paus Bonifatius VIII waard oanfallen troch tsjinstanners ûnder lieding fan Guillaume de Nogaret en de famylje Colonna, dy't tefoarren komme woene dat de paus op 8 septimber 1303 in tsjerkeban oer Filips IV fan Frankryk útsprekke soe. De oerfallers doarden de paus net te deadzjen, mar fernederen him en de ynwenners fan Anagni befrijden de paus in pear dagen letter. De Klap fan Anagni ferwiist nei de oerlevering dat Sciarra Colonna de âlde paus in klap yn it gesicht joech. De Klap fan Anagni symbolisearret it momint dat de macht fan 'e pausen oer Europeeske keningen begûn te ferdwinen. Of Colonna de paus echt in klap joech is net wis, wol dat de paus ferneatigjend fernedere waard. Nogaret en Colonna wisten oan 'e lilkens fan it folk te ûntkommen.

Yn 1556 waard Anagni in slachfjild yn it konflikt tusken paus Paulus IV en kening Filips II fan Spanje, doe't de stêd troch it Spaanske leger belegere waard ûnder lieding fan 'e hartoch fan Alva. Nei in artillerybombardemint lutsen de pauselike troepen har werom en plonderen de Spanjerts de stêd.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Marijekatedraal fan Anagni waard yn 1104 foltôge. Yn 'e tsjerke, mar fral yn 'e krypt, binne in soad fresko's bewarre bleaun.
  • It Palazzo Bonifacio VIII is it paleis dêr't de Klap fan Anagni plak fûn. Hjoed-de-dei is it museum dêr't ferhelle wurdt oer de pauslike skiednis en it paleis sels.
  • It Palazzo Comunale is it âlde stedhûs, dat út de 12e iuw stamt.
  • It Casa Barnekow is in histoaryske residinsje en in moai foarbyld fan midsiuwske arsjitektuer, dat boud waard ûnder it pontifikaat fan paus Gregoarius IX fan Anagni. It hearde ta ferskate aadlike famyljes en waard yn 1860 oankocht troch de Sweedske baron Alberto Barnekow.
  • De Sint-Andreästsjerke (Sant'Andrea) mei de oanswettende krypt fan Sint-Fitus (San Vito) giet werom op 1003, mar is letter ferboud.
  • De Loretotsjerke (Madonna di Loreto) oan 'e Piazza Cavour. Oarspronklik wijd oan Sint-Balbina. Waard yn 1574 oan it bruorskop fan 'e Madonna fan Loreto jûn. De tsjerke waard yn 1749 werboud.

Untwikkeling befolking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier1881190119211936195119711991200120112025
Ynwennertal 7.7589.61210.74612.39614.62015.98419.31419.13421.44120.569
Boarnen, noaten en/as referinsjes: