Amstelmar
| Amstelmar | ||
| Surfer op 'e Amstelmar | ||
| geografy | ||
| type wetter | mar | |
| lokaasje | Kop fan Noard-Hollân | |
| lân | ||
| provinsje | ||
| koördinaten | 52° 53' NB, 4° 43' EL | |
| sifers | ||
| maks. lingte | 3,91 km | |
| maks. breedte | 3,36 km | |
| oerflak | 7 km² | |
| djipste punt | 18 m | |
| kaart | ||
De Amstelmar (Nederlânsk: Amstelmeer) is in mar dy't westlik fan Wieringen yn 'e Kop fan Noard-Hollân leit.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik wie de mar, as part fan it eardere Amsteldjip, in oergong tusken 'e Waadsee en de Sudersee. Yn it noarden grinzget de mar oan 'e Waadsee, dêr't it ôfsletten is troch de Amsteldjipdyk. Mei it oanlizzen fan dy dyk oan de noardkant en de Wieringermarpolder oan 'e súdeastkant tusken 1920 en 1930, ûntstie de Amstelmar dy't stadichoan swiet waard, om't de ferbining mei de iepen see fuortfoel.
By it begjin fan it oanlizzen fan 'e dyk waard úteinset mei it sluten fan it streamgat tusken de Kop fan Noard-Hollân en it doetiidske eilân Wieringen. Troch de iuwenlange tijstream wie de slinke frij djip, benammen ferlike mei de rest fan 'e Wieringermar. Lykas de lettere ûntstiene Oostvaardersplassen, dy't ferlike mei de rest fan de Flevopolder ek in stik djipper wie, waard dat part net ynpoldere. De djipte fan 'e Amstelmar is lykwols grutter as dy fan 'e Oostvaardersplassen en dêr naam de wettersport in wichtige plak troch yn.
Wettersport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Amstelmar is populêr by wettersporters, benammen wyn- en draaksurfen wurdt dêr in soad dien. Oan 'e noardnoardeastkant fan 'e mar, op Wieringen, leit by it lytse doarp Westerland in lyts strân, dat út twa parten bestiet. Ien part is mei gers begroeid en is ornearre foar de surfers. It oare part is bedutsen mei sân en wurdt in soad brûkt as swimstrân. Dêr is hoareka en in kamping.
Súdwestlik fan 'e mar leit it doarpke Van Ewijcksluis, dêr't in jachthaven is. Noardeastlik fan 'e mar, ek op Wieringen, leit it doarpke De Haukes, dêr't in partikuliere wettersportferiening en ek de Marinewettersportferiening fêstige binne. Yn 'e haven fan De Haukes lizze in soad sylboaten fan partikulieren dy't lid binne fan 'e ferienings. Ek krije marineminsken út dy haven wei syllessen yn saneamde B2-sylsloepen. Ek is der yn dy haven in jachtwerf.
Ferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Amstelmar wurdt troch it Balgzandkanaal mei De Helder ferbûn. Mei Anna Paulowna oer de Van Ewijcksfeart, en fan Kolhorn ôf oer it Waardkanaal. De Slootvaart ferbynt de mar mei de Wieringermarpolder. By de havenmûning fan De Haukes is in skutslûs dy't skippen út 'e Wieringermar oant likernôch fjouwer meter omheech skut.
