Amsteldjipdyk
| Amsteldjipdyk | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| koördinaten | 52° 53' 23" NB, 4° 53' 25" EL | |
| Bou | ||
| boujier | 1924 | |
| Opslachmar | ||
| ynstream | Amstelmar | |
| útstream | Waadsee | |
| oerflak | 5 km² | |
| Gebrûk | ||
| wei | N99 | |
De Amsteldjipdyk (Nederlânsk: Amsteldiepdijk) is in daam tusken Van Ewijcksluis en Wieringen en tsjinnet tagelyk as dykferbining fan de N99 fan Den Oever nei De Helder. De daam skiedt de Amstelmar en de Waadsee en by Van Ewijcksluis sit in skutslûs foar de skipfeart.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De dyk waard yn 1924 oanlein en slút in part fan it Amsteldjip en it Ulkedjip ôf. It ôfsletten part fan it Amsteldjip waard op dy manear in mar, de Amstelmar. In oar gefolch foar it oanlizzen fan de dyk wie dat Wieringen in streekrjochte ferbining mei it fêstelân fan Noard-Hollân krige en dus net langer in eilân mear wie.
De Amsteldjipdyk is winliken in part fan 'e Ofslútdyk, dy't de eardere Sudersee ôfslút en Noard-Hollân mei Fryslân ferbynt. Dêrom wurdt de Amsteldjipdyk ek wol de "Lytse Ofslútdyk" of "Koarte Ofslútdyk" neamd. It oanlizzen fan 'e Amsteldjipdyk wie ek in foarbyldtrajekt foar de gruttere Ofslútdyk. De ynzjenieurs fan 'e Tsjinst fan de Suderseewurken, dy't ferantwurdlik wie foar it oanlizzen fan 'e Ofslútdyk en de polders fan it Suderseeprojekt, stieken dêr in soad fan op.
By it oanlizzen fan 'e Amsteldjipdyk giene der in pear dingen ferkeard. Troch de sêfte grûn ferskode it dyklichem en waard de ûnderlaach der fansiden útdrukt. Oan 'e kant fan de Amstelmar is dat noch hieltyd goed te sjen: by de dyk del leit in natoergebiet dat "de fersakking" hiet. De oerheid joech de oannimmers de skuld fan 'e fersakkings. Lang om let moasten se in skeafergoeding oan 'e Syeay betelje. Dat barren foarmen foar guon grutte oannimmers dy't by it Suderseeprojekt belutsen wiene, oanlieding om de krêften te bondeljen yn in konsortium, de Maatskippij ta Utfiering fan Suderseewurken (MUZ). De Ofslútdyk tusken Den Oever en Surch waard troch de MUZ oanlein.
De Lytse Ofslútdyk is fierder fan belang om't dêr foar it earst balstien as bougrûn brûkt waard.
- Loftfoto fan it oanlizzen fan 'e Amsteldjipdyk, 1924?
- Loftfoto fan it oanlizzen fan 'e Amsteldjipdyk, eastkant by Wieringen
- Loftfoto fan it oanlizzen troch de foarrinner fan de Loftmacht, NIMH.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|