Springe nei ynhâld

Amers

Ut Wikipedy
Saint-John Perse (1960)

Amers is in samling poëzij fan 'e Frânske skriuwer Saint-John Perse, skriuwersnamme fan Alexis Saint-Léger. De samling is yn 1957 útjûn troch La Nouvelle Revue française yn Parys. Lykwols begûn er al yn 1948 mei de bondel, mei parten dy't útkamen by Gallimard.

De titel betsjut "seemarkeringen" (punten dy't brûkt wurde om op see te navigearjen, sawol keunstmjittich as natuerlik); it is mooglik wurdboarterij op it Frânske amer(s), 'bitter', [1] dat hjir miskien 'sâlt' betsjut, en docht ek tinken oan mer, 'see'. [2]

De seemarkeringen yn de titel tsjutte dan wer it lân oan, dan wer de rûte. Der is gjin Fryske oersetting fan it wurk.

Trije jieren letter krige Saint-John Perse de Nobelpriis foar de Literatuer takend. [3]Amers waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fowlie, Wallace, Poem and Symbol: A Brief History of French Symbolism. Penn State Press (1 novomber 2010). ISBN 978-0271038131.
  2. Little, Roger. "The Image of the Threshold in the Poetry of Saint-John Perse." The Modern Language Review 64, no. 4 (1969): 777-92. Accessed 4 febrewaris 2020. doi:10.2307/3723920.
  3. The Nobel Prize in Literature 1960.