Springe nei ynhâld

Amerikaanske wite pilekaan

Ut Wikipedy
Amerikaanske wite pilekaan
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljepilekaanfûgels (Pelecanidae)
skaaipilekanen (Pelecanus)
soarte
Pelecanus erythrorhynchos
Gmelin, 1789
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     stânfûgel

     trekfûgel
     wintergast


De Amerikaanske wite pilekaan (Pelecanus erythrorhynchos) is in fûgel yn it skaai pilekanen (Pelecanus) út de famylje pilekaanfûgels (Pelecanidae). Fan 'e trije soarten pilekanen yn Amearika is de Amerikaanske wite pilekaan de iennige mei swartwite fearren. Alhoewol't er yn fearren te ferlikenjen is mei de pilekanen fan 'e Alde Wrâld, is er it meast besibbe oan 'e oare twa Amerikaanske pelikanen, de Perûpilekaan en de brune pilekaan.

De fûgel yn briedkleed.

De fûgel wurdt 1,50 m lang en hat in spanwiidte fan 2,70 m. Hy is dúdlik lytser as de rôze pilekaan en de kroeskoppilekaan fan ' e Alde Wrâld, mar folle grutter as de oare pilekaan yn Noard-Amearika, de brune pilekaan. Simmerdeis is er wyt, útsein de slachpinnen dy't swart binne en in bleekgiele plok yn 'e nekke. De snaffel is oranje en kriget yn 'e briedtiid in hoarn. Winterdeis is de fûgel griiseftich op 'e kroan en nekke. De jonge fûgels binne lykas de folwoeksen fûgels yn winterdracht, mar bruner op 'e boppeste wjukdekveren en earmsfearren en yn 'e nekke.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amerikaanske wite pilekaan briedt yn koloanjes yn swietwetterwetlannen. Winterdeis ferhûzet er nei estuaria en baaien. Oars as de brune pelikaan, dy't faak út 'e loft nei fisk dûkt, siket de Amerikaanske wite pilekaan iten troch swimmend fisk mei syn snaffel te fangen.

Fleanende fûgel yn Dallas.

De fûgel briedt yn Kanada en de Feriene Steaten, fan Britsk-Kolumbia, Alberta, Saskatchewan en Manitoba oant Kalifornje. Om te oerwinterjen migrearret er nei súdlike kriten yn 'e Feriene Steaten en Meksiko (oan 'e kusten fan 'e Stille Oseaan súdlik fan Kalifornje en om 'e Golf fan Meksiko fan Florida oant Jûkatan en yn Sintraal-Amearika oant Kosta Rika.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in populaasje dy't rap grutter woarn is; yn fjirtich jier tiid hast fiif kear sa grut. Op basis dêrfan kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024). De populaasje wurdt op 100.000 oant 500.000 folwoeksen fûgels rûsd (2024).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: