Springe nei ynhâld

Amerikaanske wetterwylp

Ut Wikipedy
Amerikaanske reinwylp
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljesnipfûgels (Scolopacidae)
skaaiwylpen (Numenius)
soarte
Numenius hudsonicus
Latham, 1790
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet
     briedgebiet
     trekfûgel
     wintergast

De Amerikaanske wetterwylp (Numenius hudsonicus) is in wylp dy't briedt yn Noard-Amearika. Hy wurdt tradisjoneel behannele as ûndersoarte fan 'e (Jeropeeske) wetterwylp (Numenius phaeopus), mar is resint, nei genetysk ûndersyk, as in aparte soarte ôfspjalte.

De fûgel is 37–47 sm lang, hat in wjukspanwiidte fan 75–90 sm en weaget tusken de 270 en 493 gram. De soarte is foaral griiseftich brún, mei in stút dy't deselde kleur hat as de boppekant fan it lichem en in lange bûge snaffel (it langst by it folwoeksen wyfke).

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amerikaanske wetterwylp briedt yn Alaska en Kanada. De fûgel wurdt ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

  • Numenius hudsonicus rufiventris – Alaska en noardwestlik Kanada
  • Numenius hudsonicus hudsonicus – it gebiet om de Hudsonbaai hinne oant noardeastlik Kanada

De soarte wurdt tafallich yn Jeropa waarnommen, mei in 50-tal fynsten op de Azoaren, mar ek yn Grut-Brittanje, Ierlân, Madeara, Noarwegen, Yslân en Spanje.

Tradisjoneel wurdt de Amerikaanske wetterwylp as in ûndersoarte fan 'e reinwylp beskôge, mar hy wykt uterlik en ek genetysk ôf. Dêrom wurdt er hieltyd faker as in selsstannige soarte behannele.

Dizze soarte siket syn iten troch yn sêfte modder te sykjen nei lytse wringeleazen en troch lytse krabben en soartgelikense proaien fan it oerflak te pikken. Foar de trek wurde beien in wichtich ûnderdiel fan harren dieet.

It nêst is in keal kûltsje op 'e tûndra of it Arktysk heidefjild. Der wurde trije oant fiif aaien lein. Folwoeksen fûgels ferdigenje it briedgebiet tige fûl en sille sels minsken oanfalle as dy tichteby komme.

Tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw easke de jacht op harren trekrûtes in swiere tol fan it tal fan dizze fûgels; de populaasje is sûnt dy tiid wersteld, hoewol't se yn Noard-Amearika noch hieltyd klassifisearre wurde as soarte dy't grutte soarch nedich hat op it mêd fan natoerbeskerming.

Status en bedrigings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) erkent de fûgel noch net as in eigen soarte, dêrom is de bedrigingsstatus noch net beoardiele.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: