Amerikaanske jachtloaihoarsen
| Amerikaanske jachtloaihoarsen | ||
| Artistike rekonstruksje fan in trumanjachtloaihoars (Miracinonyx trumani). | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
| klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
| skift: | rôfdieren (Carnivora) | |
| ûnderskift: | katdieren (Feliformia) | |
| boppefamylje: | echte katdieren (Feloidea) | |
| famylje: | kateftigen (Felidae) | |
| ûnderfamylje: | lytse katten (Felinae) | |
| skaai: | Amerikaanske jachtloai- hoarsen (Miracinonyx) | |
| Adams, 1979 | ||
De Amerikaanske jachtloaihoarsen (wittenskiplike namme: Miracinonyx), ek: Amerikaanske cheetahs of Amerikaanske tsjita's, foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae). Ta dit skaai wurde ornaris twa útstoarne soarten rekkene, dy't endemysk wiene yn Noard-Amearika. Se libben fan 21/2 miljoen oant 16.000 jier lyn. Nettsjinsteande har namme wiene de Amerikaanske jachtloaihoarsen nei alle gedachten eins nauwer besibbe oan 'e poema's (Puma) as oan 'e jachtloaihoarsen fan 'e Alde Wrâld (Acinonyx).
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike namme Miracinonyx is in kombinaasje fan it Latynske wurd mirus, dat "wûnderbaarlik" betsjut en Acinonyx, de namme fan it skaai fan 'e jachtloaihoarsen fan 'e Alde Wrâld. Dy namme is in ferraning fan twa Grykske wurden: ἁκινητος (akinitos), dat "ûnbeweechlik" betsjut, en ὄνυξ (onyx), dat "neil" of "hoef" betsjut. Yn syn gehiel betsjut it dus "ûnbeweechlike neil", in ferwizing nei de klauwen fan it jachtloaihoars (Acinonyx jubatus), dy't, oars as by oare kateftigen, net ynlutsen wurde kinne. (By de Amerikaanske jachtloaihoarsen wiene de klauwen lykwols àl ynlûkber.)
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste fossilen fan Amerikaanske jachtloaihoarsen waarden oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw ûntdutsen en yn 't earstoan taskreaun oan in ûnbekende sibbe fan 'e bûnte hyena (Crocuta crocuta). Letter waarden se reklassifisearre as in kateftige, wêrfan't saakkundigen earst mienden dat dy nau besibbe wie mei it snieloaihoars (Panthera uncia) en letter mei de poema (Puma concolor), wylst noch wer letter in link lein waard mei it jachtloaihoars (Acinonyx jubatus). It skaai krige sadwaande úteinlings de namme fan 'Amerikaanske jachtloaihoarsen' op basis fan morfologyske oerienkomsten mei it moderne (Afro-Aziatyske) jachtloaihoars.
De bân mei it moderne jachtloaihoars is lykwols twifelich. Undersyk nei it mitogondriaal DNA fan Amerikaanske jachtloaihoarsen wiisde yn 2016 út dat de Amerikaanske jachtloaihoarsen eins nauwer besibbe wiene mei de poema as mei it moderne jachtloaihoars. Yn harren artikel First record of Puma concolor in the Early-Middle Pleistocene of South America, dat yn 2017 ferskynde yn it Journal of Mammalian Evolution, giene de paleöntologen N.R. Chimento en A. Dondas sels safier dat se it skaai fan 'e Amerikaanske jachtloaihoarsen weryndielden as in ûnderskaai fan it skaai fan 'e poema's (Puma). De morfologyske oerienkomsten tusken de Amerikaanske jachtloaihoarsen en it moderne jachtloaihoars berêste sadwaande net op besibskip, mar op parallelle evolúsje, it ferskynsel dat ferskillende bisten ûnder deselde omstannichheden los faninoar troch evolúsje deselde lichemsskaaimerken ûntjouwe.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan it skaai fan 'e Amerikaanske jachtloaihoarsen wurde ornaris twa soarten taskreaun, lykas hjirûnder neamt. In trêde soarte, Miracinonyx studeri, wurdt soms tafoege, mar wurdt yn 'e regel beskôge as in jonger synonym foar M. inexpectatus.
|
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
