Amerikaanske stikelsturt
Amerikaanske stikelsturt | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() jerk ![]() sijke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Oxyura jamaicensis | ||||||||||||
Gmelin, 1789 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De Amerikaanske stikelsturt (Oxyura jamaicensis) is in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). It is ien fan 'e seis soarten fan it skaai stikelsturten (Oxyura).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Amerikaanske stikelsturten wurde 35 oant 43 sm lang en ha in spanwiidte fan 53 oant 62 sm. De jerk hat in swarte kop en hals mei wite wangen en in ljochtblauwe snaffel. It boarst, de flanken en de rêch binne kastanjeread, wylst de ûnderkant brún is en de ûndersturtdekfearren wyt. Se ha in donkere puntsturt en donkerblauwe poaten. It sijke hat in brúngrize kop mei in donkerbrune krún en in like donkerbrune streek fan 'e basis fan 'e snaffel oant it ear. Snaffel en poarten binne donker griisblau.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Amerikaanske stikelsturten libje yn in grut part fan Noard-Amearika, útsein yn it hegere noarden. Se libje yn ûndjip wetter mei in soad begroeiïng. Bûten de briedtiid wurde de fûgels ek op grutte marren, brake lagune's en estuaria waarnommen.
Eksoat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is in eksoat yn West-Europa, fral yn Grut-Brittanje, dêr't de populaasje sûnt de jierren 1940 útgroeide ta likernôch 6.000 eksimplaren.[1] Sûnt de jierren 1990 briede de soarte ek yn lytse oantallen yn Nederlân, fral yn it súdwesten. Dy briedfûgels wiene nei alle gedachten ôfkomstich út Grut-Brittanje, mooglik oanfolle mei fûgels dy't yn Nederlân ûntsnapt binne út fûgelkolleksjes.
Om't de Amerikaanske stikelsturt mei de bedrige wytkopein yn Spanje hybridisearre, jildt der yn Europa in kontroversjeel programma om de Amerikaanske stikelsturt út te roegjen. Dêrfandinne stiet de Amerikaanske stikelsturt sûnt 3 augustus 2016 op 'e Unylist foar ynvasive frjemde soarten en is der útein set mei de ferneatiging fan 'e Europeeske populaasje. Yn 2021 wie de populaasje fan it Feriene Keninkryk werom brocht ta noch mar 15-21 fûgels. It is langer ferbean om de Amerikaanske stikelsturten yn fûgelkolleksjes te hâlden.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wyfkes briede al as se in jier âld binne, by mantsjes bart dat yn 'e regel as se twa jier binne. It nêst leit yn tichte begroeiïng by iepen wetter. In lechsel bestiet meast tusken seis oant tsien aaien. It brieden duorret 23 oant 26 dagen. De piken ferlitte it nêst al hiel gau nei it útkommen fan 'e aaien en wurde troch it sijke fuorre. Somtiden helpt ek it jerkje by it fuorjen. De piken kinne ek al gau dûke. Nei fjouwer wiken moatte de piken harren sels rêde en as se 50 oant 55 dagen âlde binne kinne se fleane.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige op 'e Reade list. Neffens BirdLife International giet de soarte yn oantal efterút (2025), mar is der yn Noard-Amearika sprake fan in lichte taname.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Birdlife, oproppen 2 febrewaris 2025.
- IUCN, oproppen 2 febrewaris 2025.
- Ebird, oproppen 2 febrewaris 2025.
- Avibase, oproppen 2 febrewaris 2025.
- Waarneming.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Stikelsturt
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Barbados
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Grenada
- Lânseigen fauna yn Gûadelûp
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Jamaika
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis
- Lânseigen fauna yn Sint-Lusia
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Eksoat yn Nederlân
- Eksoat yn Belgje
- Eksoat yn Dútslân
- Eksoat yn Eastenryk
- Eksoat yn Frankryk
- Eksoat yn Ierlân
- Eksoat yn Ingelân
- Eksoat yn Marokko
- Eksoat yn Noard-Ierlân
- Eksoat yn Skotlân
- Eksoat yn Spanje
- Eksoat yn Switserlân
- Eksoat yn Tuneezje
- Eksoat yn Wales