Amerikaanske skiere glee
| Amerikaanske skiere glee | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Elanus leucurus | ||||||||||||
| Vieillot, 1818 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Amerikaanske skiere glee (Elanus leucurus) is in rôffûgel yn it skaai skiere gleeën (Elanus) út de famylje haukfûgels (Accipitridae).
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar in skoft waard de Amerikaanske skiere glee mei de skiere glee fan Afrika en Europa as ien soarte beskôge. Mei't de fûgels sawol yn formaat, foarm, fearrekleed en hâlden en dragen fan inoar ferskille wie dat genôch se in aparte soartestatus te jaan.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte wurdt 40 oant 42 sm lang. De fûgel hat lange spitse wjukken en liket in soad op 'e skiere glee, mar is grutter en hat in langere, wite sturt. Hy hat ek in swart plak op 'e ûnderfleugeldekfearren dy't by de skiere wjuk meast mist.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Amerikaanske skiere glee is in briedfûgel yn Súd-Amearika, it Karybysk gebiet, Midden-Amearika en oan 'e westkust fan Meksiko en de Feriene Steaten. Lykas syn sibben is de Amerikaanske skiere glee in útsprutsen mûzejager op iepen lânskip mei lege strewellen.
De soarte bestiet út 2 ûndersoarten:
- Elanus leucurus majusculus: fan 'e westlike en súdlike Feriene Steaten oant westlik Panama.
- Elanus leucurus leucurus: fan it easten fan Panama oant Brazylje en Sintraal-Sily en Argentynje.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e Amerikaanske skiere glee is tige grut en dêrfandinne is de kâns op útstjerren lyts. De grutte fan 'e populaasje wurdt op 0,5 oant 5 miljoen fûgels rûsd (2009). Oannommen wurdt dat de populaasje groeit. De soarte stiet as net bedrige (Least Concern, 2016) op 'e Reade list fan 'e IUCN.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Skiere glee
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Arûba
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Sily
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Oerûguay
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
