Amerikaanske sidesturt
| Amerikaanske sidesturt | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Bombycilla cedrorum | ||||||||||||
| Vieillot, 1808 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel wintergast |
De Amerikaanske sidesturt (ek Amerikaanske pestfûgel of Amerikaanske lakfûgel; Bombycilla cedrorum) is in moskeftige fûgel út 'e famylje fan 'e sidesturten (Bombycillidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Folwoeksen fûgels hawwe in ljochtbrune kop en boarst, dy't oergiet yn griis op 'e wjukken en de rêch. De fûgel hat in opfallende puntich túfke op 'e kop en in swart masker om 'e eagen hinne, dat faak in smelle wite râne hat. Op 'e punten fan guon wjukfearren sitte lytse, helderreade plakjes. De sturt is donkergriis mei in opfallende heldergiele bân oan 'e ein. De búk is ljochtgiel.
Mantsjes en wyfkes lykje tige op inoar (monomorf) en de ferskillen binne subtyl, dy't allinnich fan tichteby te sjen binne. It mantsje hat yn 'e regel in donkerder en grutter swart plak op 'e kiel as it wyfke, dat by it wyfke faak mear brúnswart is. De reade plakjes op 'e wjukken binne by mantsjes wat langer útfierd as by wyfkes.
Jonge fûgels binne bûnter mei griis-brune fearren en hawwe dúdlike streekjes op it boarst en de búk. De túf is lytser en de reade punten op 'e wjukken ûntbrekke. Se ha boppedat gjin of in folle ljochter masker.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Amerikaanske sidesturten ha in grut ferspriedingsgebiet dat oer hast hiel Noard- en Midden-Amearika leit.
It briedgebiet leit fral yn 'e súdlike helte fan Kanada en de noardlike helte fan 'e Feriene Steaten. Winterdeis lûke se nei it suden fan 'e Feriene Steaten, Meksiko en oer Midden-Amearika (lykas Panama en Kosta Rika) bytiden sels oant it uterste noardwesten fan Súd-Amearika. Se binne ek te finen yn it Karibysk gebiet. Yn in grut part fan 'e sintrale en noardlike Feriene Steaten kinne de fûgels it hiele jier troch sjoen wurde, al binne it faak oare fûgels dy't de plakken fan 'e trekfûgels ynnimme.
Se ha in foarkar foar iepen lânskippen mei genôch beammen en strûken lykas boskrânen en iepen plakken yn it bosk. Fierder komme se ek yn tunen en parken foar as der fruchtbeammen steane.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Amerikaanske sidesturten ite it hiele jier troch fruit en beien. Simmerdeis ite se ek ynsekten om genôch aaiwiten binnen te krijen foar de jongen.

Se briede meastentiids fan juny oant augustus oant der genôch ripe simmerfruchten binne. It mantsje besiket it wyfke te ferlieden mei in soarte fan dûns, wêrby't se hinne en wer hippe en inoar fruit of blombledsjes jaan. It nêst is komfoarmich en boud fan twiichjes, gers en moas, faak op in tûke yn in beam. It wyfke kiest it plak, mar beide helpe by de bou. It wyfke leit meastentiids 4 oant 5 aaien en briedt dy yn likernôch 12 oant 14 dagen út. Wylst it wyfke op it nêst sit, bringt it mantsje har iten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It giet goed mei de Amerikaanske sidesturt en de populaasje groeide tusken 1966 en 2019 mei mear as 2% yn't jier yn hiel Noard-Amearika. De fûgel profitearret fan minsklike feroarings yn it lânskip en de oanplant fan fruitbeammen en bessenstrûken yn tunen en parken. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de fûgel as net bedrige op 'e Reade list.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Sidesturt
- Pestfûgel
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Jamaika
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon

