Springe nei ynhâld

Amerikaanske see-earn

Ut Wikipedy
Amerikaanske see-earn
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôffûgels (Accipitriformes)
famyljehaukfûgels (Accipitridae)
skaaisee-earnen (Haliaeetus)
soarte
Haliaeetus albicilla
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     briedfûgel
     wintergast

     trochtrekker
stjer: dwaalgast


De Amerikaanske see-earn (Haliaeetus leucocephalus) is in grutte rôffûgel yn it skaai see-earnen (Haliaeetus) út de famylje haukfûgels (Accipitridae). It ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel is Noard-Amearika en de fûgel is it nasjonale symboal fan 'e Feriene Steaten.

De Amerikaanske see-earn is donkerbrún, wylst de kop, nekke, sturt en boppeste en ûnderste sturtdekfearren wyt binne. Dêrom wurdt de fûgel ek wol wytkopearn neamd. De snaffel, iris en poaten binne giel. In folwoeksen mantsje kin likernôch 90 sintimeter lang wurde en hat in spanwiidte fan sawat 200 sintimeter. Wyfkes binne likernôch 25% grutter as mantsjes. As de fûgel net folwoeksen is, hat er donkerder fearren en kin er ienfâldich betize wurde mei de goesearn.

Oarspronklik hie de fûgel in grutte fersprieding op it fêstelân fan Noard-Amearika. Fanwegen minsklike ferfolging is syn ferspriedingsgebiet yn 'e Feriene Steaten no beheind ta de east- en westkust en Alaska. De fugel libbet ek yn grutte dielen fan Kanada. Amerikaanske see-earnen libje meast oan rivieren, marren of oan 'e kust. De grutste populaasjes libje yn Alaska en Britsk Kolumbia. Somtiden wurdt de fûgel ek oantroffen yn Sintraal-Arizona en de Golf fan Meksiko. Winterdeis komme Amerikaanske see-earnen, benammen dy yn it noardlike diel fan it ferspriedingsgebiet, byinoar yn spesifike regio's.

Der wurde twa ûndersoarten ûnderskieden:

  • Haliaeetus leucocephalus leucocephalus (Linnaeus, 1766) - de nominaatfoarm is de lytse fan 'e twa ûndersoarten en komt yn it suden fan 'e Feriene Steaten en op it Kalifornysk Skiereilân foar.
  • Haliaeetus leucocephalus washingtoniensis (Audubon, 1827), synonym H. l. alascanus (Townsend, 1897), de noardlike ûndersoarte is grutter as de súdlike nominaatfoarm en wurdt oantroffen yn it noarden fan 'e Feriene Steaten, Kanada en Alaska.
Amerikaanske see-earn dy't efter de proai oan sit fan in oare rôffûgel.

Amerikaanske see-earnen ite benammen fisk en wetterfûgels. Hy jaget minder faak op sûchdieren. Yn 20 stúdzjes oer de fiedingsgewoanten fan 'e Amerikaanske see-earn makke fisk 56% út fan it dieet fan nêstfûgels. Dêrnjonken yt er fral winterdeis ek ies. De Amerikaanske see-earn is lykas de goesearn in kleptoparasyt; hy stelt it fretten fan oare fûgels. Syn jachtmetoaden binne foar in grut part itselde as dy fan 'e goesearn.

De nêsten wurde boud yn âlde beammen of op kliffen fan dikke tûken. De holte wurdt mei moas en gers beklaaid. Alde nêsten kinne wol 450 kilo swier wurde. It lechsel bestiet út ien oant trije aaien. De ynkubaasjeperioade is meastentiids tusken maart en juny en duorret 33-36 dagen. Yn dy tiid soargje beide âlden foar de aaien en it dêrnei grutbringen fan 'e jongen. De jonge earnen fleane nei tsien oant alve wiken út.

Yn it wyld wurde de Amerikaanske see-earnen trochstrings 20 oant 30 jier. Yn finzenskip wurde se geregeldwei âlder; in fûgel dy't yn New York holden waard helle in âldens fan hast 50 jier.

Mei proai.

Yn 'e jierren 1950 wie de fûgel yn grutte dielen fan Noard-Amearika útroege. Rûsd wurdt dat yn 'e iere 18e iuw de folsleine populaasje tusken de 300.000 en 500.000 fûgels telde. Yn 1917 waard in preemje op it sjitten fan 'e fûgel set, mar sûnt 1940 waard de jacht yn 'e súdlike steaten fan 'e Feriene Steaten ferbean, wylst yn Alaska de jacht op 'e fûgel noch oant 1953 trochgie. Tsjin 'e ein fan 'e jierren 1950 wiene der minder as 500 briedpearen yn it oarspronklike ferspriedingsgebiet fan 'e Feriene Steaten. Troch ynsektisiden lykas DDT gie de delgong fierder yn 'e jierren 1960. De opheapping fan dy stoffen yn it lichem late ta ûnfruchtberens en it ûnfermogen om sûne aaien te lizzen. De aaiskilen wiene te tin om it gewicht fan in briedende fûgel te dragen, sadat in soad lechsels gjin sukses hienen.

Alhoewol't sawol Kanada as de Feriene Steaten al ier beskermingsmaatregels ynfierden, wie it ferbod op it brûken fan DDT yn 'e Feriene Steaten de meast effektive maatregel dat late ta werstel fan 'e fûgel. Dat ferbod waard yn 1972 yn 'e Feriene Steaten ynfierd en pas yn 1989 yn Kanada. Sûnt dy tiid koe de populaasje wer dúdlik groeie. De National Wildlife Federation neamde yn 1984 de jacht, elektrisiteitstriedden, oaljeloazingen en leadfergiftiging as de wichtichste deadsoarsaken fan 'e fûgel.

Yn 2020 waard it oantal fûgels op 200.000 folwoeksen fûgels rûsd. Oannommen wurdt dat sawol yn Kanada as de Feriene Steaten de oantallen rap tanimme. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list.

Symboal fan 'e Feriene Steaten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel as Amerikaansk symboal.

De fûgel is it nasjonale symboal fan 'e Feriene Steaten. Yn 1782 waard de fûgel yn it nasjonale embleem opnommen, mar alhoewol't de fûgel lang as de nasjonale fûgel beskôge waard, naam it Kongres yn desimber 2024 pas in wet oan dy't dat offisjeel regele.

De oprjochters fan 'e Feriene Steaten ferlikenen harren nije republyk graach mei de Romeinske Republyk, dêr't de earn (meastal in gouden earn) in wichtige symboalfunksje hie. Op 20 juny 1782 naam it Kongres it ûntwerp foar it Grutte Segel fan 'e Feriene Steaten mei in Amerikaanske see-earn oan, dy't mei de klauwen fan 'e iene poat 13 pylken en dy fan 'e oare poat in olivetak mei 13 blêden fêsthâldt. De fûgel ferskynt ek op 'e measte offisjele segels fan it Amerikaanske regear, ynklusyf de presidinsjele segel en de presidinsjele flagge en yn 'e logo's fan in soad Amerikaanske federale ynstânsjes.

Yn 'e kultuer fan Yndianestammen wurdt de fûgel as spirituele boade beskôge tusken goaden en minsken.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: