Springe nei ynhâld

Amerikaanske reuze-iisfûgel

Ut Wikipedy
Amerikaanske reuze-iisfûgel

mantsje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift rôldereftigen (Coraciiformes)
famylje iisfûgels (Alcedinidae)
skaai reuze-iisfûgels (Megaceryle)
soarte
Megaceryle torquata
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Amerikaanske reuze-iisfûgel (Megaceryle torquata) is in fûgel út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

Tekening fan mantsje (foargrûn) en wyfke (eftergrûn).

De soarte heart mei in lingte fan 40 sm ta de gruttere iisfûgels. De kop en de wjukken fan 'e fûgel binne griis en se ha in wite halsbân. It boarst is kastanjeread. Wyfkes ha oars as de mantsjes tusken ûnder de wite halsbân ek noch in brede grize bân oer it boarst mei oan 'e kant fan 'e kastanjereade búk noch in smelle wite seame. De Latynske namme Artepitheton torquata en ek de Ingelsktalige namme Ringed Kingfisher ferwize nei dy "ringen" fan 'e tekening. Syn Dútske namme Rotbrustfischer (Readboarsfisker) ferwiist nei syn kastanjereade boarst.

Op in pear hielendal yn it suden briedende populaasjes nei, dy't winterdeis nei it noarden trekke, is de fûgel it hiele jier troch in stânfûgel.

De soarte libbet fan it súdwesten fan 'e Feriene Steaten oant Fjoerlân. Yn Súd-Amearika ûntbrekt de soarte yn 'e hegere dielen fan 'e Andes, de Atacama en Noardwest-Argentynje. Se komme yn ferskillende biotopen foar oant in hichte fan 1500 en ha in foarkar foar beboske iggen oan stadich streamende rivieren en marren. Faak is de fûgel waar te nimmen yn mangrovebosken en oan riviermûningen. De fûgel is net hiel skou en wurdt ek op rysfjilden sjoen en somtiden sels yn gruttere parken.

Der wurde trije ûndersoarten erkend:

De wrâldpopulaasje wurdt op 20 miljoen fûgels rûsd (2008). De soarte is stabyl en wurdt op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre (2020).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en/of referinsjes: