Amerikaanske presidintsferkiezings (2024)
| Amerikaanske presidintsferkiezings | |||||
| << 2020 • 5 novimber 2024 • 2028 >> | |||||
| opkomst: 64,1% | |||||
wichtichste presidintskandidaten
| |||||
| fise-presidintskandidaten
| |||||
ferkiezingsútslach
| |||||
| útslach nei steat | |||||
| Utslach nei steat mei it tal kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje oanjûn. Der binne 270 kiesmannen nedich om te winnen. | |||||
De Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2024 wiene de 60e presidintsferkiezings op tiisdei 5 novimber 2024. De wichtichste gadingmakkers foar it presidintskip fan 'e Feriene Steaten fan Amearika wiene de sittende fise-presidint Kamala Harris as kandidaat foar de Demokratyke Partij en de 45e presidint Donald Trump as kandidaat foar de Republikeinske Partij. De opkomst wie 64,1% en Trump wûn mei 312 kiesmannen foar de 226 fan Kamala Harris oer. Ek wûn er foar it earst de mearderheid fan de stimmen (popular vote) mei 49,8% foar 48,3% foar Harris. Trump wûn alle swingsteaten.
De sittende presidint, de demokraat Joe Biden, stelde him ynearsten oan as kandidaat foar werferkiezing. Hy fersloech syn tsjinstanner oan 'e Demokratyske kant, Dean Phillips fan Minnesota al frij maklik by de foarferkiezings. Nei in minne presintaasje yn in debat mei syn tsjinstanner Donald Trump yn juny 2024 fersterke de noed oer syn âldens en sûnens dat late ta oproppen yn syn eigen partij om him út 'e race werom te lûken. Ynearsten wegere er, mar op 21 july 2024 loek er him werom. Biden stipe syn fise=presidint Kamala Harris, dy't op 5 augustus troch de ôffurdigen ta kandidaat fan de partij keazen waard dy't net oan 'e foarferkiezings meidien hat. Harris keas gûverneur Tim Waltz fan Minnesota as har running mate.
Trump, dy't de presidintsferkiezings fan 2020 fan Biden ferlear, stelde him kandidaat foar in twadde, net efterinoar rinnende termyn. Op 13 july 2024 waard er by in moardoanslach yn syn ear sketten. Trump waard by de Republikeinske Nasjonale Konvinsje fan 2024 nominearre as kandidaat foar de Republikeinske Partij. Trump keas senator JD Vance fan Ohio as syn running mate. De kampanje fan Trump stie yn it ramt foar massale deportaaasje fan yllegale ymmigranten; in isolasjonastyske "Amearika earst"-bûtenlânsk belied mei stipe foar Israel yn 'e kriich mei Gaza en ûnferskillich foar de Oekraïne oer yn syn kriich tsjin Ruslân; anty-transgenderbelied; en ynfiertariven. De kampanje die ek falske en misliedende útspraken, lykas bewearings oer ferkiezingsfraude yn 2020. De politike beweging waard troch guon skiedkundigen en guon eardere bestjoerders ûnder Trump syn earste amtstermyn as autoritêr beskôge.
Analisten skreaune de útkomst ta oan 'e ynflaasjepyk fan 2021-2023, in wrâldwide anty-sittende regearingweach, de ympopulariteit fan it regear-Biden en de winst fan Trump by de arbeidersklasse.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|