Springe nei ynhâld

Amerikaanske oehoe

Ut Wikipedy
Amerikaanske oehoe
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftûle-eftigen (Strigiformes)
famyljeûlefûgels (Strigidae)
skaaioehoes (Bubo)
soarte
Bubo virginianus
Gmelin, 1788
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De Amerikaanske oehoe (wittenskiplike namme: Bubo virginianus) is in fûgel út it skift fan 'e ûle-eftigen (Strigiformes), de famylje fan 'e ûlefûgels (Strigidae) en it skaai fan 'e oehoes (Bubo). Dit bist komt foar yn sawol Noard- as Súd-Amearika en is in frij algemiene stânfûgel. It is in grutte ûle, dy't benammen nachts aktyf is en oerdeis rêst hâldt op beskutte plakken yn beammen. Amerikaanske oehoes hawwe in skutkleur en fertoane yn har uterlik gjin seksuele dimorfy; wat lichemsgrutte oangiet, binne de wyfkes lykwols wat foarser en swierder as de mantsjes.

Dizze fûgels komme foar yn alderhanne biotopen, salang't der mar beammen, of eventueel gebouwen, binne om yn of op te rêsten en te nêsteljen. De Amerikaanske oehoe is in karnivoar, waans wichtichste proaien hazze-eftigen, mûseftigen en wrotmûseftigen binne. Yn 'e ornitology wurdt de Amerikaanske oehoe gauris ferlike mei de (gewoane) oehoe (Bubo bubo) út Jeraazje, dy't grutter is mar deselde ekologyske nys ferfollet. De IUCN klassifisearret de Amerikaanske oehoe as net bedrige. De Amerikaanske oehoe is de offisjele provinsjale fûgel fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta.

De Amerikaanske oehoe waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1788 troch de Dútske biolooch en taksonoom Johann Friedrich Gmelin, foar dy syn op 'e nij besjoene en útwreide edysje fan 'e Systema Naturæ fan Carolus Linnaeus. Gmelin pleatste dizze fûgel yn it skaai Strix, dat no foar de wâldûlen brûkt wurdt, mar dat doedestiden in soartemint sammelbak wie foar alle ûlen. De oarspronklike wittenskiplike namme fan 'e fûgel wie Strix virginiana, wêrby't it soartspesifike diel ferwiisde nei de Amerikaanske steat Firginia. Tsjintwurdich wurdt de Amerikaanske oehoe yn it skaai fan 'e oehoes (Bubo) pleatst, dat yn 1805 yntrodusearre waard troch de Frânske biolooch André Duméril.

De Amerikaanske oehoe hat in earsten skutkleur.

Gmelin basearre syn beskriuwing op in eardere beskriuwing troch de Ingelske biolooch George Edwards, dy't de Amerikaanske oehoe yn 1747 opnommen (en yllustrearre) hie yn syn wurk A Natural History of Uncommon Birds ("In Natoerhistoarje fan Net Algemien Foarkommende Fûgels"). Edwards hie in libben spesimen fan 'e soarte sjoen yn it lânhûs fan Richard Boyle, 3e greve fan Burlington te Chiswick. Dat bist wie fongen yn wat doe noch de Britske Koloanje Firginia wie. Sadwaande de ferwizing nei Firginia yn 'e wittenskiplike namme fan 'e dizze fûgel.

De Amerikaanske oehoe is ien fan trije soarten oehoes dy't yn 'e Nije Wrâld foarkomme, en dy't dêr bedarre wêze moatte troch it oerstekken fan 'e Beringlânbrêge yn 'e prehistoarje. Ornitologen ornearje dat de Magelhaenoehoe (Bubo magellanicus) en de Amerikaanske oehoe dúdlik ôfstamje fan in lêste mienskiplike foarâlder dy't de Nije Wrâld al berikt hie. Mar it tinken is dat de snie-ûle (Bubo scandiacus) him al fan 'e oare oehoesoarten ôfspjalten hie foar't er Noard-Amearika berikte. Behalven oan 'e Magelhaenoehoe liket de Amerikaanske oehoe it naust besibbe te wêzen oan 'e (gewoane) oehoe (Bubo bubo) út Jeraazje. Party ornitologen is fan betinken dat dy beide fûgels eins ien soarte foarmje. Der is nammentlik ien gefal bekend dat yn in dieretún in manlike Amerikaanske oehoe en in wyfke fan 'e gewoane oehoe in skynber sûne, hybride pyk fuortbrochten.

Ut it Pleistoseen binne yn Noard-Amearika fossilen fan oehoes weromfûn. Inkelen waarden alhiel yn Georgia oantroffen, mar de measten komme út 'e Rocky Mountains. Ut frijwol alle fossilen docht bliken dat it gie om ûlen dy't grutter wiene as de moderne Amerikaanske oehoe. It is ûndúdlik oft it spesimina fan oare soarten oehoes binne of dat it eksimplaren fan útstoarne of letter ta lytsere grutte evoluëarre ûndersoarten fan 'e Amerikaanske oehoe binne.

It ferspriedingsgebiet fan 'e Amerikaanske oehoe beslacht it grutste part fan Noard-Amearika, útsein it Sewardskiereilân en it kustgebiet fan westlik Alaska, en it Arktyske noarden fan Kanada. Op it fêstelân fan Midden-Amearika is de fersprieding fragmintarysk, mei't dizze fûgel alhiel ûntbrekt oan 'e súdlike Golfkust fan Meksiko, yn noardlik Gûatemala, sintraal en súdlik Belize en oan 'e Karibyske kust fan Hondoeras, Nikaragûa en Kosta Rika. Yn súdlik Gûatemala, El Salvador, súdlik Nikaragûa en Kosta Rika is dizze fûgel seldsum, en út it westen fan Panama binne mar twa waarnimmings bekend. Der libbet in isolearre populaasje op it Jûkatanskiereilân fan súdeastlik Meksiko en de noardpunt fan Belize.

Krekt as oare ûlen kin de Amerikaanske oehoe syn kop hast 180° draaie.

De Amerikaanske oehoe komt yn 'e Stille Oseaan foar op 'e Kodiakeilannen, foar de súdkust fan Alaska, de Aleksanderarsjipel foar de kust fan Súdeast-Alaska, en Vancouvereilân yn 'e Salisjaanske See. Oan 'e Atlantyske kant fan it kontinint binne der populaasjes op Nijfûnlân, Prins Edwardeilân, Cape Bretoneilân en Anticosti, allegearre yn 'e Saint-Lawrencebaai. Mar foar de rest mist dizze fûgel op eilannen, mei't er it blykber dreger fynt om einen oer see te fleanen as oare ûle-eftigen, lykas de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata) of de fjildûle (Asio flammeus). Dêrom ûntbrekt er op û.o. de Keninginne Sjarlotte-eilannen, foar de Kanadeeske westkust, en teffens op alle eilannen yn it Karibysk Gebiet.

In Amerikaanske oehoe hâldt syn om-en-by yn 'e rekken.

Yn Súd-Amearika komt de Amerikaanske oehoe foar yn 'e noardlike Andes fan Kolombia oant Perû, en by de noardkust lâns fan Kolombia oant de mûning fan 'e Amazône yn it noardeasten fan Brazylje. In grutte isolearre populaasje komt foar yn in ferspriedingsgebiet dat de súdlike helte fan Brazylje beslacht, hiel Paraguay en Oerûguay, it easten en noarden fan Bolivia, in diel fan it easten fan Perû en noardeastlik Argentynje fan 'e tropen oant de pampa's. Súdliker wurdt de ekologyske nys fan 'e Amerikaanske oehoe ferfolle troch de nau besibbe Magelhaenoehoe (Bubo magellanicus), dy't foarkomt oant op Fjoerlân, oan 'e uterste súdpunt fan Súd-Amearika.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amerikaanske oehoe is swier boud, mei in silinderfoarmich lichem, in oergrutte kop en brede wjukken. It is de grutste en swierste ûle fan Midden- en Súd-Amearika en de op ien nei grutste en swierste fan Noard-Amearika, nei de snie-ûle (Bubu scandiacus). Folwoeksen eksimplaren hawwe in totale lichemslingte fan 43–64 sm, mei in gemiddelde fan 55 sm. De wjukspanne bedraacht 91–153 sm, mei in gemiddelde fan 122 sm. Wyfkes binne oer it algemien justjes grutter en foarser as mantsjes. It gewicht is trochinoar 1,6 kg foar wyfkes en 1,2 kg foar mantsjes. Ofhinklik fan 'e ûndersoarte kin it trochsneed gewicht oprinne oant 2,5 kg.

De eagen fan 'e Amerikaanske oehoe binne guon fan 'e grutsten fan alle op lân libjende wringedieren.

It fearrekleed fan 'e Amerikaanske oehoe hat fierhinne in skutkleur, mei in brunige grûnkleur en in griis oant swart spikkele patroan dêroerhinne op 'e efterholle, nekke, rêch, wjukken en sturt. Op it boarst en de siden wurde de spikkels ferlinge ta streekjes. Op 'e kiel sit in wite bef fan in grutte dy't ferskilt nei ûndersoarte. Fan 'e bef ôf kin in wite line oer de midden fan it boarst hinne nei de bealch ta rinne, dy't ek wyt is. De poaten, dy't wytbefearre binne, hawwe grutte en fjoerskerpe kloeren, dêr't de oehoe him mei fêsthâlde kin oan in tûke of in oar sitplak, mar dêr't er like maklik in ûnfertochte proai mei fan 'e grûn ôf de loft yn skuorre kin. De grypkrêft fan 'e Amerikaanske oehoe is nei alle gedachten ferlykber mei dy fan 'e keningsearn (Aquila chrysaetos), dat in folle gruttere rôffûgel is. De hurde, swarte snaffel is frij lyts en bûcht sterk nei ûnderen ta. Hy mjit 3,3–5,2 sm yn lingte, hoewol't it út 'e plasse stekkende diel mar 2,1–3,3 sm lang is.

In Amerikaanske oehoe fan deunby besjoen.

De eariepenings, dy't ferskûle sitte ûnder de fearren oan 'e sydkanten fan 'e kop, binne yn ferhâlding lytser as dy fan 'e (gewoane) oehoe (Bubo bubo). It gehoar fan 'e Amerikaanske oehoe is nei alle gedachten wol tsien kear sa goed as dat fan in minske. Krekt as by oare ûlen is de pleatsing fan 'e earen ek by de Amerikaanske oehoe net symmetrysk, wat de fûgel by nacht better by steat steld om 'e lokaasje te bepalen fan lûden makke troch potinsjele proaidieren. De eartoefkes boppe-op 'e kop binne inkeld opsteande fearkes. It is noch altyd ûndúdlik hokker evolúsjonêre wearde dy hawwe, mar ornitologen binne it der unanym oer iens dat se yn elts gefal neat út te stean hawwe mei it gehoar.

It opfallendste skaaimerk fan 'e kop wurdt foarme troch de fan in swarte iris foarsjoene giele eagen, dy't mar amper lytser binne as de eagen fan in minske. It binne, ferhâldingsgewiis nei lichemsgrutte, de grutste eagen fan alle ûlen, en teffens guon fan 'e grutste eagen fan alle op lân libjende wringedieren. De eagen wurde oan 'e bûtenste sydkanten en de ûnderkant omjûn troch in skiifeftige fearreformaasje, dy't helpt om lûd yn 'e rjochting fan 'e eariepenings te lieden. Fan boppen ôf rinne de brún-mei-swarte fearren fan 'e nekke yn in V-foarm troch nei de snaffel. It resultaat is dat it wol liket as hâldt de oehoe syn wynbrauwen oan ien wei troch fronsele, wat it bist yn minsklike eagen in wat sikkeneurige gesichtsútdrukking jout.

Amerikaanske oehoes komme foar yn in wiidweidich ferskaat oan biotopen, lykas leafwâld, mingd wâld, nullewâld, tuskenbeiden, subtropysk en tropysk reinwâld, mangrovewâld, oan wâldsiggen en op iepen plakken yn wâlden, yn berchtmen, op 'e prêrje, pampa, savanne, steppe, yn 'e woastyn, op 'e toendra, op kultuerlân lykas ikkers, greiden en parken en sels yn 'e beboude kom fan stêden. In betingst is wol dat der beammen oanwêzich wêze moatte om yn te rêsten en te nêsteljen, mar dat kin soms ek dien wurde yn beskate gebouwen, lykas skuorren en hokken. Yn 'e bergen libje Amerikaanske oehoes oant op in hichte fan 2.100 m boppe seenivo yn it Pasifyske= Kustberchtme fan Kalifornje, oant 3.300 m yn 'e Rocky Mountains en oant 4.500 m yn 'e noardlike Andes.

In Amerikaanske oehoe rekt him ris út.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amerikaanske oehoe is yn syn hiele ferspriedingsgebiet in stânfûgel. Hy is boppedat tige honkfêst en behâldt faak syn hiele folwoeksen libben ien-en-itselde territoarium. Amerikaanske oehoes komme almeast foar yn pearkes fan in mantsje en in wyfke. Se ferdigenje har territoarium troch te roppen. Hoewol't it mantsje dêrfan it meastepart foar syn rekken nimt, helpt syn wyfke him út en troch as der sprake is fan in konflikt mei in oanbuorjend pearke of mei in ynkringer. As it roppen net helpt, giet de Amerikaanske oehoe oer op it útsprieden fan 'e wjukken, klepperjen mei de snaffel, blazen en it útbringen fan heechtoanige gjalpen. Bringt dat de ynkringer noch net op oare gedachten, dan folget in fysike oanfal wêrby't de ferdigenende fûgel besiket om 'e ynkringer te klauwen mei de kloeren. It komt foar dat by sokke gefjochten deaden falle. Soms wurdt de deade ûle troch de oerwinner kannibalisearre, mar it konflikt is yn alle gefallen territoriaal fan aard, en net predatoriaal, dat it opiten fan 'e deade rivaal is mar in bykommend ferskynsel.

In Amerikaanske oehoe op 'e wjuk.

De sang fan 'e Amerikaanske oehoe is ornaris in leechtoanich mar lûd ho-ho-hûû-hûû-hûû, dat fiif of fjouwer wurdlidden oanhâldt. It is in resonante rop yn it nachtlik tsjuster, dy't wol omskreaun is as "plechtich" of "njoer". De rop fan it wyfke is heger fan toan om't hja in lytsere syrinks hat. De sang fan 'e Amerikaanske oehoe kin fral om 'e midsnacht hinne heard wurde. De omskreaune rop is benammen bedoeld as ôfbeakening fan it territoarium, en oard om in partner te lokjen. Dat roppen begjint benammen yn it neijier, yn 'e oanrin ta de peartiid. Yn 'e regel belunet it yn 'e rin fan febrewaris of maart, krekt foar't it wyfke aaien leit. Ut en troch bringt de Amerikaanske oehoe fierders ek fluch efterinoaroan in ferskaat oan gjalpen, skreauwen, kriten en op it miaukjen fan in kat en it laitsjen fan in minske lykjende lûden fuort. Dy lûden binne sa ferskillend dat it wol liket as wurde se troch folslein ferskillende bisten makke.

Fleanen en rinnen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Amerikaanske oehoes kinne by it fleanen in topfaasje berikke fan 65 km/h. It binne lykwols knoffelige rinners en as se alris in pear stappen dogge, geane se alderraarst oer de side.

Amerikaanske oehoes binne oerdeis ornaris traach en slûch.

Amerikaanske oehoes binne yn prinsipe nachtdieren, hoewol't se yn guon kriten ek aktyf binne oan 'e ein fan 'e middei of ier op 'e moarn. Yn 'e jûnsskimer uterje se in pear roppen ear't se fan har rêstplak nei in sitplak fleane dat better útsicht hat. Dêr roppe se wer en sjogge en harkje se nei proaien. Krekt as oare soarten ûlen makket de Amerikaanske oehoe in protte gebrûk fan syn skutkleur. By nacht is er goed kamûflearre, sels foar bisten dy't yn it tsjuster folle better sjen kinne as minsken.

Oerdeis is de Amerikaanske oehoe faak wol wekker, mar traach en slûch. Hy siket dan in rêstplak op, almeast op in tûke dêr't er beskut wurdt troch de blêden of nullen fan 'e beam. Soms wurde ek beamholten of lytse grotten brûkt. Mei't er him suver net ferweecht, is de oehoe dêr middenmank de beskutting tige dreech gewaar te wurden. Nettsjinsteande dat wurde Amerikaanske oehoes soms dochs weromfûn en lestich fallen troch oare fûgels, yn 't bysûnder troch de Amerikaanske krie (Corvus brachyrhynchos). Mei't ûlen nei de readsturtmûzefalk (Buteo jamaicensis) de wichtichste natuerlike fijân fan krieën binne, kloftsje krieën soms fan hein en fier gear om 'e oehoe te narjen mei lûd gekras. Dat kin oeren oanhâlde. Wannear't de oehoe fuortfljocht om in oar skûlplak te sykjen, wurdt er soms efterfolge troch de swaarm krieën. By oare fûgels dy't Amerikaanske oehoes soms opsetlik ta lêst binne, giet it om 'e raven (Corvus corax), de Noardmeksikaanske strûkgaai (Aphelocoma wollweberi), de westlike strûkgaai (Aphelocoma californica), de Arkansaskeningstiran (Tyrannus verticalis), Cassins keningstiran (Tyrannus vociferans), de Amerikaanske blauwe hoanskrobber (Circus hudsonicus), de Amerikaanske hauk (Astur atricapillus), Coopers sparwer (Astur cooperii), de woastynmûzefalk (Parabuteo unicinctus), de readsturtmûzefalk (Buteo jamaicensis), de prêrjemûzefalk (Buteo swainsoni), de reade rûchpoatmûzefalk (Buteo regalis), de readskoudermûzefalk (Buteo lineatus), de Amerikaanske wikel (Falco sparverius), de sljochtfalk (Falco peregrinus) en de prêrjefalk (Falco mexicanus). It komt foar dat Amerikaanske oehoes op dy wize ek ferdreaun wurde fan harren briedplak.

In Amerikaanske oehoe mei in pyk op in nêst yn 'e neite fan Madison (Wiskonsin).

De Amerikaanske oehoe is ien fan 'e ierste briedfûgels fan Noard-Amearika, nei alle gedachten om't te profitearjen fan 'e wat langere nachten om 'e piken fan genôch fretten te foarsjen. Yn it grutste part fan Noard-Amearika begjint de hofmakkerij al yn oktober en hâldt oan oant yn desimber. Pearkes wurde foarme yn ein desimber en jannewaris. By de hofmakkerij lûkt it mantsje de oandacht fan potinsjele partners mei syn ynmoedich roppen, wêrby't er foaroer bûcht mei de sturt as tsjinwicht en de kiel opset as wie it in bal. De wite bef op 'e kiel soe skoan tsjinje kinne as in fisuele stimulâns yn it tsjuster of de skimer. Uteinlings komt er in wyfke benei en besiket syn snaffel tsjin harres oan te wriuwen wylst er ferskate kearen foar har bûcht. As sy belangstelling hat, ropt se werom, mar se bliuwt altyd mear dimmen yn sawol rop as uterlik fertoan. Soms oertsjûget it mantsje it wyfke fan syn oprjochte bedoelings troch har in farske proai te bringen, dy't se dan tegearre beplúzje.

Pearkes Amerikaanske oehoes bliuwe ornaris byinoar en briede jier nei jier mei-inoar, yn 'e regel yn itselde territoarium. Nei't de piken útflein binne en ear't de hofmakkerij wer begjint, falt in perioade dat pearkes wol yn deselde omkriten ferbliuwe, mar minder mei-inoar omgeane. Hiel lang stie de Amerikaanske oehoe as strikt monogaam te boek, mar yn 2018 kaam by in ûndersyk yn 'e neite fan Reno (Nevada) oan it ljocht dat ien mantsje soms yn deselde snuorje pearet mei twa ferskillende wyfkes.

In nêst fan 'e Amerikaanske oehoe mei trije mei dûns oerdutsen piken.

It mantsje siket it briedplak út, dat er dêrnei oan it wyfke sjen lit troch der opsichtichwei hinne te fleanen en dan te stampfuotsjen. Omreden fan 'e lichemsgrutte fan 'e fûgels jouwe se de foarkar oan briedplakken dy't wat iepener binne, mar se nêstelje op in grutter ferskaat oan plakken as lykfol hokker oare fûgel yn Noard-Amearika. In protte briedplakken binne beamholten yn deade beammen of âlde nêsten fan oare fûgels lykas earnen, hauken, falken en krieën. Mar Amerikaanske oehoes nêstelje ek wol op klifrânen, yn lytse grotten, op rotsblokken, middenmank opgeand strewelleguod, op gebouwen en oare troch minsken makke struktueren, op 'e grûn middenmank lang gers of strûken en soms yn 'e yngongen fan 'e ûndergrûnske hoalen fan 'e sulverdas (Taxidea taxus) en de prêrjewolf (Canis latrans), sels as de oarspronklike bewenners dêr ek noch húsmanje. De measte nêsten fan 'e Amerikaanske oehoe yn beammen binne minimaal 41/2 m fan 'e grûn ôf en sitte maksimaal 22 m heech. Yn it Amerikaanske Súdwesten nêstelje se, by gebrek oan beammen, ek wol op grutte kaktussen.

De krekte oanfang fan 'e briedtiid is fariabel. Yn súdlik Floarida kin dat al yn ein novimber wêze mar is it yn elts gefal net letter as begjin jannewaris. Yn 'e sône fan Teksas nei Georgia is it fan ein desimber oant begjin febrewaris en yn 'e sône fan Kalifornje nei noardlik Louisiana fan begjin febrewaris oant ein maart. Yn it grutste part fan Noard-Amearika, fan Noardlik Kalifornje en it Amerikaanske Noardwesten oant Súd-Karolina, Nij-Ingelân en eastlik Kanada, wurde de aaien lein fan begjin maart oant ein april. Yn westlik Kanada en yn Alaska is dat fan ein maart oant begjin maaie en yn it noarden fan Kanada (de Yukon, it suden fan 'e Noardwestlike Territoaria en noardlik Saskatchewan) is it fan begjin maaie oant mids juny. Foar Amerikaanske oehoes dy't yn 'e subtropyske en tropyske dielen fan Midden- en Súd-Amearika libje, is it begjin fan 'e briedtiid (noch) net goed fêstlein. It wyfke leit 1–6 aaien, mar mear as 3 is ûngewoan en mear as 4 is seldsum. In trochsneed aai mjit 55 mm by 461/2 mm en weaget 51 g. De briedtiid duorret 28–37 dagen, mei in gemiddelde fan 33 dagen. It brieden wurdt ornaris troch it wyfke allinnich dien, dat yn dy tiid net fan it nêst ôf komt. It mantsje jaget foar har en bringt har fretten.

In pear juvenilen fan 'e Amerikaanske oehoe yn it Nasjonaal Faunareservaat Tule Lake yn Oregon.

De piken fan 'e Amerikaanske oehoe weagje trochinoar 34,7 g as se út it aai komme. Se binne oerdutsen mei in witich griis dûns, mei wat brunichs op 'e wjukken. It binne nêstbliuwers, dy't fersoargje wurde moatte troch de âlden om oerlibje te kinnen. Mei likernôch 6 wiken ferlitte se it nêst en geane op oanbuorjende tûken of oare sitplakken sitten. Tsjin dy tiid is it dûns foar it meastepart ferfongen troch de earste echte fearren. It is lykwols dreech om dat stadium oan te tsjutten as útfleanen, mei't de piken oer it algemien net goed fleane kinne oant se 10–12 wiken âld binne. Ek dêrnei bliuwe de piken omhingjen yn in gebiet fan 13–52 ha om it nêstplak hinne, en sels ein oktober (5 moannen nei't se it nêst ferlitten hawwe) biddelje se soms noch by de âlden om iten. Geandewei de hjerst jouwe se har lykwols ôf om in eigen territoarium te sykjen. Amerikaanske oehoes binne mei 2 jier geslachtsryp. Har libbensferwachting yn it wyld bedraacht yn trochsneed sa'n 13 jier, hoewol't ien gefal bekend is fan in yndividu dat yn it wyld krapoan 29 jier wurden is. Yn finzenskip is de âldste Amerikaanske oehoe 50 jier wurden.

Jeien en fretten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer it algemien jeie Amerikaanske oehoes tusken 20.30 oere jûns en omtrint midsnacht, en letter wer fan likernôch 4.30 oere oant sinne-opgong. Yn 'e lange winternachten wurdt gauris mear tiid oan 'e jacht bestege, om't proaidieren dan krapper en dêrom dreger te fangen binne. Amerikaanske oehoes kinne lykwols ek leare om beskate proaien oerdeis te bejeien, wannear't sokke proaidieren kwetsberder binne, lykas it swart iikhoarntsje (Sciurus niger) wylst dat syn nêst oan it bouwen is, of de gewoane chuckwalla (Sauromalus ater), in mânske hagedis, wylst dy op in rots oan sinnebaaien is.

De kloeren fan in Amerikaanske oehoe fan deunby besjoen.

De Amerikaanske oehoe komt syn proai oer it algemien út 'e loft wei oer it mad troch syn suver totaal stille manear fan fleanen. Dêrby brûkt er ferskate hege sitplakken dêr't er syn om-en-by goed wei yn 'e rekken hâlde kin. As er gjin proai opmerkt, fljocht er 50–100 m nei in nij sitplak. Wannear't er in proai gewaarwurdt troch syn gesichtsfermogen of, wierskynliker, syn tige skerpe gehoar, fljocht er derop ôf en grypt er him. Dêrby wurde lytsere proaidieren faak al deastutsen mei de lange skerpe kloeren. As dat net sa is, pikt de ûle it bist yn it gesicht oant it it bestjert. Lytsere proaien wurde yn ien kear trochslokt. Middelgrutte proaien wurde meinommen nei in sitplak en mei kloeren en snaffel yn behapbere brokjes skuord. Guon gruttere proaien wurde earst ûnthalze en soms ek fan 'e poaten ûntdien, foar't de romp meinommen wurdt. Faak slane Amerikaanske oehoes op in beskutte plak ekstra fretten op foar letter.

De Amerikaanske oehoe is in karnivoar, op waans menu mear as 500 identifisearre bistesoarten steane. Sûchdieren (mear as 200 soarten) en fûgels (hast 300 soarten) meitsje it meastepart fan it dieet út, wêrby't sûchdieren dúdlik mear fretten wurde as fûgels. Yn Noard-Amearika bestiet it menu fan 'e Amerikaanske oehoe foar 87,6% út sûchdieren, foar 6,1% út fûgels, foar 1,6% út reptilen en amfibyen en foar de restearjende 4,7% út ynsekten en oare wringeleazen en teffens fisken. It gewicht fan proaien fariëarret fan 0,4 g oant 6,8 kg, mar de measte proaien weagje 4 g oant 2,3 kg. In Amerikaanske oehoe hat deis ferlet fan likernôch 50–100 g fleis en kin dêrom ferskate dagen ta mei in mânske proai.

In Amerikaanske oehoe mei ien fan syn wichtichste proaidieren, in Amerikaanske hazze (Lepus americanus), op in libbensecht skilderij troch Louis Agassiz Fuertes.

Nettsjinsteande it grutte ferskaat oan potinsjele proaien fan 'e Amerikaanske oehoe fret dizze fûgel yn Noard-Amearika foar it meastepart mar in hantsjefol bisten. Dêrûnder binne trije hazze-eftigen en sân kjifdieren. De hazze-eftigen binne de Floaridaknyn (Sylvilagus floridanus), de Amerikaanske hazze (Lepus americanus) en de swartsturthazze (Lepus californicus). Under de kjifdieren binne fjouwer mûseftigen: de wytpoatmûs (Peromyscus leucopus), de eastlike hartemûs (Peromyscus maniculatus), de westlike hartemûs (Peromyscus sonoriensis) en de (troch de minske yntrodusearre) brune rôt (Rattus norvegicus); en fjouwer wrotmûseftigen: de eastlike greidwrotmûs (Microtus pennsylvanicus), de westlike greidwrotmûs (Microtus drummondii), de prêrjewrotmûs (Microtus ochrogaster) en de dinnewrotmûs (Microtus pinetorum). De brune rôt wurdt benammen fretten troch Amerikaanske oehoes dy't yn 'e stêd libje. Hoewol't dy proaisoarte in stabile en oerfloedige itensboarne foarmet, kin in dieet fan foar it meastepart rottefleis skeadlik wêze troch de opheaping yn it liif fan 'e ûle fan it rottefergif en oare bestridingsmiddels dêr't rotten oan bleatsteane.

Ek oare kjifdieren binne fan belang as proaien fan 'e Amerikaanske oehoe. Dat jildt foar goffers, yn 't bysûnder de berchgoffer (Thomomys talpoides), fral yn 'e sintrale Rocky Mountains, en foar mûsgoffers, fral de lytse mûsgoffer (Perognathus parvus), bewesten dat berchtme fan Washington oant op it Kalifornysk Skiereilân. Yn Teksas en Oklahoma giet it benammen om 'e katoenrôt (Sigmodon hispidus), en yn 'e woastinen fan it Amerikaanske Súdwesten om kangoeroerotten, yn 't bysûnder Ords kangoeroegoffer (Dipodomys ordii) en Merriams kangoeroegoffer (Dipodomys merriami), mar dêrnjonken ek om 'e gruttere reuzekangoeroerôt (Dipodomys ingens). Iikhoarntsjes, wêrûnder beamiikhoarntsjes, wangpûdiikhoarntsjes, grûniikhoarntsjes, marmotten en prêrjehûnen, binne deidieren, dat dy hawwe har ornaris al op in feilich plak deljûn as de Amerikaanske oehoe fanwegen komt. Nettsjinsteande dat wurde se bytiden dochs grypt. Soms wurdt ek de oerzon (Erethizon dorsatum) troch de Amerikaanske oehoe oanfallen. Dat is de iennichste kjifstikelbaarch dy't yn Noard-Amearika foarkomt, mei in gewicht fan 41/2–9 kg. Oare kjifdieren dy't as sekundêre proaien foar de Amerikaanske oehoe figurearje, binne it Kanadeesk fleanend iikhoarntsje (Glaucomys sabrinus), it Amerikaansk fleanend iikhoarntsje (Glaucomys volans), de muskusrôt (Ondatra zibethicus), de gambelhartemûs (Peromyscus gambelii), de súdlike hartemûs (Peromyscus labecula), de noardwestlike hartemûs (Peromyscus keeni), de reade wrotmûs (Clethrionomys glareolus), de Kalifornyske reade wrotmûs (Clethrionomys californicus), de lytse reade wrotmûs (Clethrionomys rutilus), de noardlike reade wrotmûs (Clethrionomys gapperi), de noardlike sprinkhoannemûs (Onychomys leucogaster), de noardlike lemmingmûs (Synaptomys borealis), de súdlike lemmingmûs (Synaptomys cooperi), de goudmûs (Ochrotomys nuttalli), de noardlike sprinkhoannemûs (Onychomys leucogaster), de Amerikaanske dwerchmûs (Baiomys taylori) en de greidspringmûs (Zapus hudsonius).

De wytpoatmûs (Peromyscus leucopus) is ien fan 'e wichtichste proaidiersoarten fan 'e Amerikaanske oehoe.

Oare hazze-eftigen dy't proaien binne foar de Amerikaanske oehoe, binne de dwerchknyn (Brachylagus idahoensis), de prêrjehazze (Lepus townsendii), de ezelhazze (Lepus alleni), de wytfanghazze (Lepus callotis), de Brazyljaanske knyn (Sylvilagus brasiliensis), de Kalifornyske knyn (Sylvilagus bachmani), de Appalachenkatoensturtknyn (Sylvilagus obscurus), de berchkatoensturtknyn (Sylvilagus nuttallii), de wetterkatoensturtknyn (Sylvilagus aquaticus), de Meksikaanske katoensturtknyn (Sylvilagus cunicularius), de moerasknyn (Sylvilagus palustris) en de woastynkatoensturtknyn (Sylvilagus audubonii).

Oare sûchdieren wurde ek wol troch de Amerikaanske oehoe ferslynd, wêrûnder ferskate rôfdieren, lykas it streekt stjonkdier (Mephitis mephitis), de Noardamerikaanske katfret (Bassariscus astutus), de Firginia-opossum (Didelphis virginianus), it njoggenbângurdledier (Dasypus novemcinctus), de Amerikaanske nerts (Neogale vison), de Amerikaanske marter (Martes americana), de Pasifyske marter (Martes caurina), de swartpoatmurd (Mustela nigripes), de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii), de wezeling (Mustela nivalis) en de langsturtwezeling (Neogale frenata). Yn ien dokumintearre gefal waard in folwoeksen fiskmarter (Pekania pennanti) troch in oehoe deade, hoewol't fan dy eins te grutte soarte yn 'e regel inkeld de jongen pakt wurde. Hûneftige proaien komme ek foar, lykas jongen fan 'e prêrjewolf (Canis latrans), de foks (Vulpes vulpes) en de grize foks (Urocyon cinereoargenteus). Fan 'e kitfoks (Vulpes velox) en de grutearkitfoks (Vulpes macrotis) wurde soms ek folwoeksen eksimplaren grypt. Ek binne der twa gefallen bekend fan in Amerikaanske oehoe dy't in folwoeksen waskbear (Procyon lotor) deade en opfriet en ien gefal wêrby't datselde lot in reade lynks (Lynx rufus) trof. Hûskatten (Felis catus) en lytse hûntsjes (Canis lupus familiaris) steane ek op it menu.

De swartsturthazze (Lepus californicus) is ien fan 'e wichtichste proaidiersoarten fan 'e Amerikaanske oehoe.

Fierders wurde teminsten acht ûnderskate soarten pipermûzen (gjin kjifdieren) troch de Amerikaanske oehoe bejage, wêrûnder de koartearpipermûs (Cryptotis parva), de Amerikaanske maskerpipermûs (Sorex cinereus) en de noardlike koartsturtpipermûs (Blarina brevicauda). Ek mollen wurde wolris pakt. Der binne teminsten fiif soarten mollen bekend as proaien fan 'e Amerikaanske oehoe, wêrûnder de Eastamerikaanske mol (Scalopus aquaticus), de Westamerikaanske mol (Scapanus orarius) en de stjernoasmol (Condylura cristata). Mar oer it algemien binne dy yn harren ûndergrûnske hoalestelsels feilich foar predaasje. Flearmûzen wurde soms ek fretten, lykas de gûanoflearmûs (Tadarida brasiliensis) yn Teksas.

Wat fûgels oanbelanget, binne de wichtichste proaien hineftigen, lykas de (eksoatyske) fazant (Phasianus colchicus), de beamkwartel (Colinus virginianus), de prêrjehin (Tympanuchus cupido), de stikelsturthin (Tympanuchus phasianellus), de waaierhin (Centrocercus urophasianus), de kraachhin (Bonasa umbellus), de bosksniehin (Canachites canadensis), de (eksoatyske) patriis (Perdix perdix), piken fan 'e wylde kalkoen (Meleagris gallopavo) en op Protection Island yn Washington ek de yntrodusearre blauwe pau (Pavo cristatus). Under normale omstannichheden negearje Amerikaanske oehoes domestisearre hinnen (Gallus gallus demosticus) om't se de foarkar jouwe oan wylde proaien, mar guon yndividuën, fral ûnbelearde juvenilen, kinne har ûntjaan ta spesjalisearre hinnesliners.

In Amerikaanske oehoe fljocht út in skuorre wei.

Hoewol't hineftigen faker as proai nommen wurde as oare fûgels, is it de oerfloed oan goeseftigen en oare wetterfûgels yn harren briedtiid, dy't de Amerikaanske oehoe oergean litte kin op in menu dat foar it meastepart út fûgels bestiet. It giet dan om einfûgels fan ferskate soarten en harren piken, mar yn 't bysûnder de wylde ein (Anas platyrhynchos), en fierders de Amerikaanske merkel (Fulica americana), rallen, dûkers en seedûkers. Ek piken fan grutte soarten wetterfûgels wurde fretten, lykas de Kanadeeske goes (Branta canadensis), de sniegoes (Anser caerulescens), de trompetswan (Cygnus buccinator), de Amerikaanske ielreager (Ardea herodias), de Amerikaanske wite pilekaan (Pelecanus erythrorhynchos) en de brune pilekaan (Pelecanus occidentalis). Oare fûgels dy't by gelegenheid troch de Amerikaanske oehoe ferslynd wurde, binne û.o. alderhanne moskeftigen (86 soarten), wêrûnder roumiezen, mosken, kardinalen, tomkes en krieën.

Amerikaanske oehoes lykje graach oer reptilen te meien, mar dy meitsje fanwegen it feit dat se oer it algemien oerdeis aktyf binne, dochs mar in lyts diel fan it dieet út. Hagedissen, yn 't bysûnder, ûntrinne dêrtroch ornaris predaasje troch ûlen. Mar slangen wurde wol relatyf faak fretten, fan ûnskuldige bisten as de gewoane hoasbânslange (Thamnophis sirtalis) en de Sinaloänachtslange (Hypsiglena torquata), fia de giftige Floaridawettermokkasin (Agkistrodon piscivorus) en de prêrjerattelslange (Crotalus viridis) oant grutte formidabele soarten as de gewoane keningsslange (Lampropeltis getula) en de swarte rotteslange (Pantherophis obsoletus). Ek jongen fan 'e folle gruttere reptilen, lykas de Mississippy-alligator (Alligator mississippiensis) en de ûnechte karetskyldpod (Caretta caretta) wurde wol fretten.

In Amerikaanske oehoe op 'e râne fan in finster yn in skuorre yn Ontario.

Ek wringeleazen, lykas ynsekten, kreefteftigen, tûzenpoaten, spinnen, skorpioenen en wjirms makket de Amerikaanske oehoe lytsman. By ynsekten giet it yn 'e regel om krobben, wetterkrobben, imerkes en sprinkhoannen. It is seldsum mar komt foar dat Amerikaanske oehoes amfibyen lykas salamanders, kikkerts en podden frette, of sels fisken, lykas de blaukiuw (Lepomis macrochirus), marfallen en ielen. It fretten fan ies is ek seldsum, mar der besteane dokumintearre gefallen fan, wêrûnder bylden fan in kamerafâle dêr't op te sjen is hoe't in Amerikaanske oehoe in skonk fan it kadaver fan in wytsturthart (Odocoileus virginianus) ôf skuort en dermei fuortfljocht.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amerikaanske oehoe hat, nei it berikken fan folwoeksenens, eins gjin natuerlike fijannen útsein ferskate soarten earnen. Foar de rest wurde dizze fûgels inkeld deade troch soartgenoaten by territoriale gefjochten en, selden, troch har eigen proai. Sokke jachtûngemakken komme fral foar by oanfallen op 'e oerzon (Erethizon dorsatum), wêrby't de oehoe trochboarre wurdt mei ien of mear stikels, en by oanfallen op gifslangen, wêrby't se biten wurde. Piken en juvenilen binne folle kwetsberder en wurde soms opfretten troch de prêrjewolf (Canis latrans), de waskbear (Procyon lotor), de Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus), de reade lynks (Lynx rufus), de foks (Vulpes vulpes), de grize foks (Urocyon cinereoargenteus) of de sulverdas (Taxidea taxus). De Amerikaanske krie (Corvus brachyrhynchos), de raven (Corvus corax) en de Firginia-opossum (Didelphis virginianus) fersline wolris in ûnbewekke aai.

In Amerikaanske woastynoehoe (Bubo virginianus pallescens) yn 'e Mojavewoastyn fan Kalifornje.
In Amerikaanske oehoe fan 'e ûndersoarte Bubo virginianus nacurutu út Súd-Amearika.

De Amerikaanske oehoe hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Yn 2012 waard it tal Amerikaanske oehoes yn it wyld wrâldwiid rûsd op 5,3 miljoen, wêrby't wol de populaasje fan 'e nau besibbe Magelhaenoehoe (Bubo magellanicus) meiteld wie. De measte stjerte hat tsjintwurdich mei minsklike aktiviteiten te krijen. Sa fleane Amerikaanske oehoes harsels te pletter tsjin gebouwen, auto's en oare motorfiertugen oan, wurde se elektrokutearre as se yn oanrekking komme mei heechspanningskeabels en reitsje se bestrûpt en ferwûne yn stikeltrie. Sekundêre fergiftiging troch de opheaping yn harren lichems fan pestisiden dy't eins rjochte binne tsjin kjifdieren komt ek foar. Yn it ferline waarden Amerikaanske oehoes ek as ûngedierte bejage troch boeren om't se it foarsjoen hawwe soene op hinnen en oar plomfee, wat mar selden sa is. Tsjintwurdich is it bejeien fan dizze fûgel yllegaal yn 'e measte lannen dêr't er foarkomt.

Troch de jierren hinne binne der in soad ûndersoarten fan 'e Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus) beskreaun, yn totaal mear as tweintich. In protte dêrfan binne lykwols net echte ûndersoarten, mar morfologysk ôfwikende populaasjes. Tsjintwurdich (anno 2022) wurde noch 15 ûndersoarten erkend, hoewol't party ornitologen mar 10 of 11 neame. (Dy alve wurde yn 'e ûndersteande opsomming oantsjut mei in *.)

Om ta tsien ûndersoarten te kommen, moatte de noardeastlike Amerikaanske oehoe en de kustoehoe as populaasjes fan ien-en-deselde ûndersoarte beskôge wurde (sa't guon ornitologen dogge), ek al libje se oan ferskillende úteinen fan it Noardamerikaanske kontinint.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.