Springe nei ynhâld

Amerikaanske markol

Ut Wikipedy
Amerikaanske markol
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftkraanfûgeleftigen (Gruiformes)
famyljeralfûgels (Rallidae)
skaaimarkols (Fulica)
soarte
Fulica americana
Gmelin, 1789
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     trekfûgel

     stânfûgel
     wintergast


De Amerikaanske markol of Amerikaanske merkel (Fulica americana) is in fûgel yn it skaai markols (Fulica) út de famylje ralfûgels (Rallidae).

De fûgel hat in soad fan 'e ek yn Fryslân foarkommende (Euraziatyske) markol en is likernôch like grut. Op it folle lytsere skyld fan 'e Amerikaanske markol sit lykwols in readbrún plak. De snaffel is breder as dy fan ús markol en ha oan 'e ein boppe en ûnder in readbrún plak. De poaten binne gielgrien oan smoarch oranje, wylst de gewoane markol grize poaten hat. In oar ferskil is dat de Amerikaanske markol wite ûndersturtdekfearren hat. It fearrekleed fan mantsjes en wyfkes is itselde.

De soarte komt yn in grut part fan Noard-Amearika foar, yn Sintraal-Amearika en lokaal yn 'e noardlike Andes. Der wurde twa ûndersoarten erkend:

Amerikaanske markol Euraziatyske markol
Amerikaanske markol
(wite ûndersturt)
Euraziatyske markol
(swarte ûndersturt)

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Amerikaanske markols ite knoppen, blêd, stangels fan wetterplanten, sied en ynsekten en oare lytse bistjes. Se foerazjearje op 'e grûn by it wetter of dûke yn it wetter nei planten. Briedende pearkes binne tige fûl yn it ferdigenjen tsjin ynkringers. It nêst bestiet út blêden en stangels en sit tusken begroeiïng yn it wetter of tusken leechhingjende tûken. Winterdeis foarmje se grutte groepen.

Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de soarte as net bedrige klassifisearre. De grutte fan 'e populaasje wurdt op 7,2 miljoen folwoeksennfûgels rûsd, wêrfan't 5.500.000 yn 'e Feriene Steaten en Kanada.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: