Amerikaanske klikstirns
| Amerikaanske klikstirns | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Thalasseus acuflavidus | ||||||||||||
| Cabot, 1847 | ||||||||||||
| IUCN-status: gjin status
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Amerikaanske klikstirns (Thalasseus acuflavidus, ek wol Sterna acuflavidus) is in fûgel yn it skaai klikstirnzen (Thalasseus).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Amerikaanske klikstirnzen ha in hiel soad fan 'e gewoane klikstirns en lykas dy fûgel ha se in swarte snaffel mei in giele punt, mar in ferskil is dat de snaffel steviger is. Amerikaanske klikstirnzen ferlieze boppedat earder harren briedkleed (in folslein swarte mûtse) en krije dus earder in wite foarholle. Juvenilen ha boppedat net it skobbige patroan fan 'e jonge gewoane klikstirns en binne effener griis, alhoewol't se betize wurde kinne mei de gewoane klikstirns yn it earste winterkleed.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt yn in grut gebiet foar oan kusten fan Virginia oant Frânsk-Guyana en Argentynje. De Amerikaanske klikstirns hat twa ûndersoarten:
- Thalasseus acuflavidus acuflavidus: fan eastlik Noard-Amearika oant de súdlike Kariben.
- Thalasseus acuflavidus eurygnathus: de eilannen by Fenezuëla en de Guyana's, noardlik en eastlik Súd-Amearika.

De ûndersoarten fan 'e Amerikaanske klikstirns ferskille benammen yn snaffelkleur: de nominaatfûgels binne swart mei in giele punt fan wat fariabele omfang; dy fan T. a. eurygnathus is meast oant folslein giel.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is foar in part trekfûgel. De meast noardlike populaasjes ferlitte harren briedgebiet om súdliker te oerwinterjen. Hoe't de trekrûte's rinne is net bekend, mar oannommen wurdt dat se de kust folgje. Fûgels dy't oan 'e Súdamerikaanske kust fan 'e Stille Oseaan oerwinterje stekke oer fan 'e Kariben by de lâningte an Panama. Ringde fûgels fan 'e ûndersoarte T. a. acuflavidus binne yn Nederlân en it Feriene Keninkryk oantroffen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e Amerikaanske klikstirns is gjin aparte IUCN-status om 't de fûgel troch de IUCN as ûndersoarte fan 'e gewoane klikstirns behannele wurdt. De klikstirns stiet as net bedrige op 'e Reade list. De grutste bedriging foar de soarte foarmet de fersteuring fan nêstkoloanjes troch minsken.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Klikstirns
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Barbados
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn Sily
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Kurasau
- Lânseigen fauna yn Dominika
- Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Gûadelûp
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Jamaika
- Lânseigen fauna yn Martinyk
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Montserrat
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy
- Lânseigen fauna yn Sint-Lusia
- Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Lânseigen fauna yn Anguilla
- Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Arûba
- Lânseigen fauna yn Oerûguay
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen
