Springe nei ynhâld

Amerikaanske ekster

Ut Wikipedy
Amerikaanske ekster
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljekriefûgels (Corvidae)
skaaieksters (Pica)
soarte
Pica hudsonia
Sabine, 1823
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Amerikaanske ekster (wittenskiplike namme: Pica hudsonia) is in fûgel út it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes), de famylje fan 'e kriefûgels (Corvidae) en it skaai fan 'e eksters (Pica). Dit bist komt foar yn it westen en noardwesten fan Noard-Amearika. Lang waard oannommen dat dizze fûgel in ûndersoarte wie fan 'e (gewoane) ekster (Pica pica), mar yn 2000 waard er fan dy soarte ôfspjalten. De Amerikaanske ekster is in middelgrutte swartbûnte fûgel mei in omnivoar dieet, dy't de foarkar jout oan iepen of healiepen habitats. It is in sosjaal bist dat gauris yn lytse swaarmkes foarkomt, mar yn 'e briedtiid pearkes foarmet. Oars as oare soarten eksters fertoant de Amerikaanske ekster seksuele dimorfy oangeande grutte en gewicht. Histoarysk hiene Amerikaanske eksters in bân mei de Amerikaanske bizon, mar tsjintwurdich strike se del op 'e rêgen fan kij om parasiten út har pels te sykjen en op te fretten. De IUCN klassifisearret dizze fûgel as net bedrige.

De Amerikaanske ekster waard yn 1823 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Ingelske soölooch Joseph Sabine. Dyselde parte de fûgel in wittenskiplike namme ta (Pica hudsonia) dy't in earbetoan wie oan 'e Ingelske ûntdekkingsreizger yn Steatske tsjinst Henry Hudson. De Amerikaanske ekster liket sa sterk op 'e (gewoane) ekster (Pica pica), dy't yn Jeropa en dielen fan Aazje foarkomt, dat de iere natoerûndersikers him op basis fan wat minder wichtige morfologyske ferskillen yndielden as in ûndersoarte fan dy fûgel, mei de wittenskiplike namme Pica pica hudsonia. Pas yn 'e 1990-er jierren waard troch ûndersyk nei it mitogondriaal DNA fan 'e fûgels dúdlik dat it om ferskillende soarten gie. Ynstee fan in ûndersoarte fan 'e gewoane ekster te wêzen, wie de Amerikaanske ekster nauwer besibbe mei de gielsnaffelekster (Pica nuttalli) út Kalifornje. Sadwaande erkende de Amerikaanske Uny fan Ornitologen (AOU) de Amerikaanske ekster yn 2000 as in selsstannige soarte.

In Amerikaanske ekster wietreind yn Alberta.

Fossilen suggerearje dat de gewoane ekster (Pica pica) yn it Plioseen, likernôch 4–3 miljoen jier lyn, nei it oerstekken fan 'e Beringlânbrêge út noardeastlik Aazje wei yn Noard-Amearika arrivearre. Fan dat stuit ôf begûnen de Noardamerikaanske en Jeraziatyske populaasjes fan 'e gewoane ekster útinoar te groeien. De gielsnaffelekster (Pica nuttalli) spjalte him neitiid fan 'e rest ôf trochdat er yn 'e neifolgjende iistiden bewesten Sierra Nevada isolearre rekke fan 'e oare populaasjes, dy't har úteinlik ûntjoegen ta de Amerikaanske ekster. Der bestiet lykwols relatyf mar in bytsje genetysk ferskil tusken de Amerikaanske ekster en de gielsnaffelekster, wat oanjout dat de fûgels har yn 'e ynterglasialen fan it Pleistoseen noch mei-inoar fuortplante hawwe moatte.

De Amerikaanske ekster is lânseigen yn it westen en noardwesten fan Noard-Amearika. It ferspriedingsgebiet rikt yn it noardwesten ta oant de útein fan it Alaskaskiereilân yn súdwestlik Alaska. It omfiemet yn dy Amerikaanske steat ek de regio Súdlik Sintraal-Alaska, it suden fan it Binnenlân fan Alaska en hast hiel Súdeast-Alaska, de eilannen fan 'e Aleksanderarsjipel ynbegrepen. Mar de Amerikaanske ekster ûntbrekt op 'e Kodiakarsjipel. Wol komt er foar yn it uterste súdwestlike hoekje fan it Kanadeeske territoarium Yukon, en dêrwei rint it ferspriedingsgebiet troch nei de provinsje Britsk-Kolumbia, dêr't de fûgel inkeld op 'e Keninginne Sjarlotte-eilannen en Vancouvereilân en yn 'e kuststripe fan it fêstelân ûntbrekt. It areaal fan 'e Amerikaanske ekster omfettet yn Kanada ek hast de hiele provinsje Alberta, it súdlike twatrêdepart fan Saskatchewan en Manitoba, it súdwesten fan Ontario en de krite bewesten de Grutte Slavemar yn 'e Noardwestlike Territoaria.

Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten beslacht it ferspriedingsgebiet fan 'e Amerikaanske ekster de steaten Idaho, Montana, Wyoming, Utah, Colorado, Kansas, Nebraska, Súd-Dakota, Noard-Dakota en Minnesota hielendal of hast hielendal. Yn Washington en Oregon ûntbrekt er inkeld yn 'e kuststripen en yn Nevada allinnich mar yn 'e súdpunt fan 'e steat. Dêropta komt dizze fûgel ek foar by de noardeastlike en eastlike rânen fan Kalifornje lâns, yn 'e noardlike grinsregio's fan Arizona en Nij-Meksiko, de Teksaanske Panhandle, de noardwestlike helte fan Oklahoma, it noardwesten fan Missoery, it meastepart fan Iowa, weslik Wisconsin en de westlike helte fan Opper-Michigan. De Amerikaanske ekster ûntbrekt bewesten de Cascades en de Sierra Nevada yn Kalifornje, dêr't de nau besibbe gielsnaffelekster (Pica nuttalli) foarkomt.

In pearke Amerikaanske eksters.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amerikaanske ekster is in middelgrutte fûgel mei trochinoar in totale lichemslingte fan 45–60 sm, dêr't de lange sturt 23–32 sm fan útmakket. It gewicht bedraacht 141–216 g. Oars as oare soarten eksters (Pica) is de Amerikaanske ekster seksueel dimorf wat grutte en gewicht oanbelanget, al kin der in beskate oerlaping tusken de geslachten bestean. De mantsjes binne 6–9% grutter en 16–24% swierder as de wyfkes.

De skerpe snaffel is swart en bûcht by de punt in lyts bytsje nei ûnderen ta. Krekt as by oare soarten eksters is it fearrekleed fan 'e Amerikaanske ekster swartbûnt. De kop, nekke, kiel, it boarst, de rêch, it meastepart fan 'e wjukken, de poaten, de stút en de sturt binne swart, wylst de skouders, bealch en de úteinen fan 'e wjukken wyt binne. It is in opfallend kleurepatroan, dêr't men jin net yn fersinne kin. Oer de swarte fearren hinne, benammen dy fan 'e wjukken en de sturt, leit in irisearjende glâns, dy't, ôfhinklik fan 'e ljochtfal, foar in grienige, blauwige of pearzige tint soarget.

De Amerikaanske ekster kin ûnderskaat wurde fan 'e gielsnaffelekster (Pica nuttalli) troch syn langere sturt, mar fansels fral troch de giele snaffel en eachrânen fan 'e gielsnaffelekster. Fan 'e (gewoane) ekster (Pica pica) kin de Amerikaanske ekster ûnderskaat wurde trochdat er justjes lytser is, mei yn ferhâlding ta de lichemsgrutte in wat koartere sturt en wat koartere wjukken.

Amerikaanske eksters jouwe de foarkar oan healiepen wâldlân en iepen kriten mei hjir en dêr in klútsje beammen of in boskje strewelleguod. Yn 'e briedtiid sykje se benammen de iggen fan rivieren en beken op, dêr't dy begroeid binne mei tinne rivierwâlden, groepkes beammen of strewelleguod. Se hawwe har ek goed oanpast oan kultuerlânskippen en komme rûnom foar yn mei beamwâlen beseame greiden, tunen yn foarstêden en bûtenwiken, en parken yn binnenstêden. Ek op it plattelân binne se faak te finen yn tunen en op 'e hiemen fan boerespultsjes.

In juvenyl fan 'e Amerikaanske ekster.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Amerikaanske eksters binne oer it algemien stânfûgels, mar by 't winter bestiet der dochs in beheinde fûgeltrek, hoewol eigenaardich genôch yn 'e "ferkearde" rjochting, d.w.s. nei it noarden ta. Hoewol't de krekte reden foar dy trek noch altyd ûnbekend is, tinke ornitologen dat it wolris it gefolch wêze kinne soe fan 'e earste fersprieding fan healwoeksen eksimplaren oan 'e ein fan 'e briedtiid, dy't yn it foarjier wer weromkeare nei de kriten dêr't wei komme.

Sosjale ynteraksje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Amerikaanske eksters binne sosjale fûgels. Folwoeksen eksimplaren foarmje ornaris pearkes fan in mantsje en in wyfke dy't it hiele jier rûn byinoar bliuwe. Sokke pearbannen kinne libbenslang duorje. Nei de dea fan in partner siket in Amerikaanske ekster dan wol wer in nije partner. It is ek mooglik dat pearkes op in stuit útinoar geane. Ornitologen sprekke yn sokke gefallen fan in "skieding". By in ûndersyk út 1988 yn Súd-Dakota einigen oer in perioade fan 7 jier mar 8% fan 'e pearbannen yn sa'n skieding, mar in oar ûndersyk út 1992 yn Alberta registrearre oer in gelikense perioade 63% skiedings.

Bûten de briedtiid om foarmje Amerikaanske eksters faak losse swaarmen. Binnen sokke kloften yndividuën ûntstiet dan in hierargy fan dominânsje, dy't mank de mantsjes rjochtliniger is as by de wyfkes. Dominante fûgels hawwe it rjocht om iten te stellen fan ûnderdieniger soartgenoaten. Opmerklikernôch lykje jonge mantsjes dêrby dominanter te wêzen as âldere mantsjes, hoewol't dat faaks ek lizze kin oan in gebrek oan motivaasje by de âldere yndividuën om te tsieren om iten dat rûnom foarhâns is. Gefjochten, dy't seldsum binne, besteane út skoppen en tsjininoaroan springen. Dominânsje wurdt earder fêststeld troch fertoan, lykas troch side oan side stean te gean en dan it lichem út te rekken mei de snaffel omheech holden en te knipperjen mei it trêde eachlid.

Amerikaanske eksters kloftsje gauris gear yn 'e neite fan it lyk fan in soartgenoat, wêrby't se dan lûd en skel roppe. Dy foar ornitologen noch altyd riedselige foarm fan hâlden en dragen wurdt in "begraffenis" neamd.

Fokalisearrings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fokalisearrings fan 'e Amerikaanske ekster besteane út in stikmannich roppen, dy't op útinoar rinnende wize omskreaun wurde as tsjylpjen, roekoejen, gûnzjen en kriten, mar it measte komt in krassende alaarmrop foar dy't klinkt as in skel kâ-kâ-kâ, soms foarôfgien troch ska-ska. Dy rop ferskilt tige fan 'e fokalisearrings fan 'e (gewoane) ekster (Pica pica) út Jeraazje, mar liket sterk op 'e lûden dy't de gielsnaffelekster (Pica nuttalli) út Kalifornje uteret. Der is teminsten ien gefal dokumintearre fan in Amerikaanske ekster dy't, as húsdier ynwenjend by minsken, learde om minsklike spraak nei te bearen.

In Amerikaanske ekster op 'e wjuk.

It rjochtút fleanen fan 'e Amerikaanske ekster liket stadich en muoisum. De eigentlike flecht wurdt geregeldwei ûnderbrutsen troch swevende fazes wêrby't net mei de wjukken slein wurdt. By ûndersiken binne yn wyntunnels de minimum- en maksimumfaasjes fan dizze fûgel fêststeld op 141/2 en 50 km/h.

Oanlizzen fan itensfoarrieden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amerikaanske ekster stiet derom bekend dat er gauris in oerskot oan fretten opslacht yn gatten yn 'e grûn (of snie). Dêrby triuwt of hammeret in fûgel syn snaffel yn 'e grûn om in gatsje te meitsjen, dêr't er dan it iten yn triuwt dat er sa lang ûnder de tonge yn syn mûle bewarre hat. It kin lykwols skoan wêze dat er it gatsje eins leech lit, benammen as er foar it ferstân hat dat oare eksters him yn 'e rekken hâlde. It plonderjen fan oarmans itensfoarrieden is nammentlik skearing en ynslach yn 'e ekstermaatskippij. Dêrom makket in fûgel soms wol in stikmannich falske foarriedgatsjes om dieven te mislieden, wêrnei't er op 't langelêst it iten yn it úteinlike gatsje triuwt as er him ûnbegluorke waant. It gatsje wurdt oerdutsen mei gers, blêden en/of twigen. Dêrnei hâldt de ekster de kop skean en stoarret er nei it plak dêr't er syn iten ferburgen hat, wierskynlik om 'e krekte lokaasje goed yn syn ûnthâld op te nimmen. Sokke itensopslachplakken wurde inkeld foar de koarte termyn brûkt, en it iten wurdt mei in pear dagen wer ophelle, of hielendal net. Foar it weromfinen fan 'e opslach brûkt de Amerikaanske ekster sawol syn gesichtsfermogen as syn rooksin.

Amerikaanske eksters bouwe har nêst faak boppe-yn in beam. Allinnich it nêst sels, de beam dêr't it yn sit en it neiste om-en-by fan dy beam wurdt ferdigene tsjin soartgenoaten. It is dêrom mooglik dat nêsten yn in klútsje beammen dochs frij deun opinoar sitte, benammen as der yn 'e omkriten fierder gjin goede nêstlokaasjes besteane, wylst der dochs iten by 't folop beskikber is. Yn sokke spesifike omstannichheden kin him sadwaande in losse briedkoloanje ûntjaan. Op dit mêd hâldt de Amerikaanske ekster de midden tusken de (gewoane) ekster (Pica pica), fan wa't de nêsten altyd fierder útinoar sitte om't der in grutte gebiet om it nêst hinne ferdigene wurdt tsjin soartgenoaten, en de gielsnaffelekster (Pica nuttalli), dy't altyd yn losse koloanjes nêstelet.

In nêst fan 'e Amerikaanske ekster.

It nêst fan 'e Amerikaanske ekster wurdt boud út tûken en twigen dy't in stevige kom foarmje, wêrfan't de binnenkant tichtsmaard wurdt mei modder en drek, en belein mei gers, plantewoartels en oar sêft materiaal. Oer de kom hinne sit in kape of koepel, dy't tsjinkeart dat rôffûgels de jongen út it nêst rôvje kinne. Om yn it nêst te kommen is der yn 'e regel mar ien inkele yngong. It bouwen fan it nêst duorret wol 40–50 dagen en is in put dy't troch it mantsje en it wyfke yn gearwurking útfierd wurdt. Yn it suden fan it ferspriedingsgebiet begjinne se dêr al yn febrewaris mei, hoewol't it wurk foar eksters yn it noardlike part fan it areaal letter in oanfang nimt. Nêsten fan Amerikaanske eksters sitte stevich yninoar en kinne sadwaande faak oer ferskillende briedseizoen werbrûkt wurde, nei't se eltse kear yngeand ynspektearre en sa nedich reparearre binne.

Wannear't se gauris fersteurd wurde, begjinne Amerikaanske eksterpearkes harren nêst agressyf te ferdigenjen. As dat net helpt en de fersteurings oanhâlde, sille se lang om let op in oar plak in oar nêst bouwe, wêrnei't se aaien út it earste nêst dêrhinne oerbringe of oars it earste lechsel yn 'e steek litte en hielendal op 'e nij begjinne. Biologen dy't nei nêsten ta opklommen binne om 'e aaien te tellen en te mjitten, hawwe rapportearre dat de âlderfûgels, dy't dêr net fan tsjinne binne, harren yndividueel weromkenne en harren op neifolgjende dagen oanfalle, wylst se oare minsken, dy't krekt like ticht by it nêst yn 'e buert komme, gewurde litte.

It begjin fan 'e peartiid falt foar de Amerikaanske ekster omtrint mids maart en rint troch oant mids juny. It brieden wurdt inkeld troch it wyfke dien, mar it mantsje foerazjearret yn dy tiid foar har beiden en bringt it wyfke iten en drinken op it nêst. De ierste pearkes begjinne ein maart al mei brieden, wylst de lêsten begjin july klear binne. Amerikaanske eksters nêstelje ornaris mar ienris yn it jier, mar as it earste lechsel al ier mislearret, kinne se it nochris besykje. It wyfke leit ornaris 6–9 aaien, hoewol't lechsels fan wol 13 aaien dokumintearre binne. De aaien binne 33 mm lang en hawwe in grienich grize kleur mei in patroan fan brune spikkels dêroerhinne. De briedtiid duorret 16–21 dagen. De piken binne nêstbliuwers, dy't blyn, keal en helpleas út it aai komme. Dat dogge se asyngroan (ien foar ien ynstee fan tagelyk), sadat de âldere, sterkere piken by itenskrapte har jongere, swakkere bruorkes en suskes it iten ôfpakke kinne. Dat liket wreed, om't de jongere, swakkere piken yn sokke gefallen ferhongerje, mar it is op it nivo fan 'e soarte in goed funksjonearjende oerlibbingsstrategy, om't der dan altyd guon piken oerlibje, wylst se, as se like âld en sterk wiene, by itenskrapte miskien allegear wol ferkomme soene.

In wolf (Canis lupus) en in raven (Corvus corax) jeie tegearre in kwartet Amerikaanske eksters by in kadaver wei.

De piken wurde yn it begjin noch waarm holden troch it wyfke, dat harren nachts en in diel fan 'e dei bebriedt. Se wurde fuorre troch it mantsje en it wyfke tegearre. Mei 3–4 wiken fleane de piken út, wêrnei't se noch likernôch 2 moannen mei de âlden oplûke en mienskiplik foerazjearje foar't se fuortsette om har foar it winterhealjier by in swaarm healwoeksen fûgels te jaan. Amerikaanske eksters binne geslachtsryp mei 1 jier (wyfkes) oant 2 jier (mantsjes). Yn it wyld bedraacht de libbensferwachting 4–6 jier.

De Amerikaanske ekster foerazjearret ornaris op 'e grûn, dêr't er mei de poaten omskrabet en mei de snaffel ôffalen blêden omkeart. It is in opportunistyske omnivoar dy't fret wat der beskikber is. Dat sein hawwende is it wol sa dat it menu by 't maityd en simmerdeis hast hielendal út dierlik guod bestiet, en hjerstmis en by 't winter hast allinne mar út plantaardich materiaal. De piken wurde útslutend mei dierlik spul fuorre.

Op it menu steane ynsekten, oare lidpoatigen (lykas spinnen en tûzenpoaten), oar lyts wringeleas dierte (lykas wjirms), mar ek lytse hagedissen en amfibyen, lytse fûgels, de aaien en piken fan oare fûgelsoarten en sels lytse sûchdieren (lykas kjifdieren), en teffens sieden, nuten, beien en oare fruchten. Amerikaanske eksters frette ek ies, en se folgje faak gruttere rôfdieren, lykas wolven of bearen, om 'e resten fan har proaien opromje te kinnen. Yn 'e neite fan minsklike bewenning frette Amerikaanske eksters ek omtommeljend ôffal en foer dat bûtendoar set is foar húsdieren of dat útstruid is op foertafels foar lytsere sjongfûgels.

In Amerikaanske ekster siket yn 'e pels fan dizze ko nei tiken en oare parasiten.

Yn it Prekolumbiaanske Tiidrek bestie der op 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika in mutualistyske symbioaze tusken de Amerikaanske ekster en de Amerikaanske bizon (Bison bison). Eksters strieken del op 'e rêgen fan bizons om parasiten lykas tiken út har pels te sykjen en op te fretten. Tsjintwurdich binne der amper noch bizons, en sjocht men dêrom út en troch wolris eksters delstriken op 'e rêgen fan kij, mar ek wol fan elanden (Alces alces) en fan ferskate soarten harten.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Amerikaanske ekster binne ferskate soarten haukfûgels en ûlen.

De Amerikaanske ekster hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Doe't de ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark yn 1804 foar it earst Amerikaanske eksters tsjinkaam yn wat no Súd-Dakota is, besauden de leden fan 'e ekspedysje har oer de nuetens fan 'e fûgels, dy't bretaalwei tinten binnenkuieren en út 'e hân wei fuorre wurde koene. Yn kriten dêr't se net begjage wurde, binne Amerikaanske eksters ek hjoed oan 'e dei noch hiel nuet.

In Amerikaanske ekster.

Yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw waarden Amerikaanske eksters beskôge as ûngedierte, dat skealik wie foar de jachtfûgelstân (om't se soms aaien fan oare fûgels frette) en foar fee (mei't miend waard dat se op 'e rêgen fan kij delstrieken om fleis út iepen wûnen te pikken). Yn dy tiid waard yn in protte Amerikaanske steaten in dollarsint foar elts eksteraai en twa sint foar in eksterkop útlove.

Lokkigernôch binne dy tiden foarby. Yn 'e Feriene Steaten hat de Amerikaanske ekster no in beskerme status ûnder de Wet op it Ferdrach oangeande Trekfûgels, mar yn Kanada is de Amerikaanske ekster op federaal oerheidsnivo ûnbeskerme. De measte provinsjes en territoaria hawwe eigen beskermjende maatregels foar dizze fûgel nommen, mar yn Alberta kin de Amerikaanske ekster noch bejage en fongen wurde sûnder dat dêr in fergunning foar nedich is.

In spesifike bedriging dy't foar de Amerikaanske ekster identifisearre is, wurdt foarme troch de ynsektisiden dy't feehâlders tsjintwurdich soms by wize fan ûngediertebestriding op 'e rêgen fan har fee sproeie. Dat is bedoeld tsjin parasiten lykas tiken, mar om't Amerikaanske eksters dy parasiten krekt ite, krije sy it gif ek binnen. Mar de Amerikaanske ekster hat ek baat by de útwreiding fan minsklike aktiviteiten, want hy kin net út 'e fuotten yn tichte wâlden en de oangeande ûntbosking komt dizze fûgel dus goed út.

De Amerikaanske ekster is in monotypyske soarte, wat ynhâldt dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.