Springe nei ynhâld

Amerikaanske bûnte wilster

Ut Wikipedy
Amerikaanske bûnte wilster
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaaibûnte wilsters (Charadrius)
soarte
Charadrius semipalmatus
Bonaparte, 1825
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     wintergast

     trochtrekker


De Amerikaanske bûnte wilster (Charadrius semipalmatus) is in waadvogel yn it skaai bûnte wilsters (Charadrius) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).

De donkere rêch ûnderskiedt de Amerikaanske bûnte wilster fan 'e fluitwilster. De Amerikaanske bûnte wilster is sa'n 18 sm lang en wat lytser as de bûnte wilster. Fan hiel tichteby is te sjen dat er tusken de teannen ûnfolsleine swimflueskes hat. By in briedend mantsje ûntbrekt nochal ris it wyt boppe it each en hy hat in oranjegiele eachring. Winterdeis is it swart op 'e kop en de swarte bân oer it boarst ferfongen troch brún. Jonge fûgels ha donkerder poaten.

Nêst
Fûgel mei pyk
Winterkleed

De soarte briedt op 'e Alaskaanske tûndra's, yn Yukon en de noardwestlike gebieten en súdlik fan Nunavut yn Kanada. De fûgel trekt om te oerwinterjen nei it suden fan 'e Feriene Steaten, de Kariben en de kusten fan Midden- en Súd-Amearika.

Neffens in rûzing fan 2023 soe de wrâldpopulaasje út 500.000 oant 1.000.000 folwoeksen fûgels bestean. It is net alhiel dúdlik hoe't de populaasje him ûntjout en it ûndersyk leit tusken ôfnimmend en stabyl. Dêrfandinne wurdt út foarsoarch der fanút gien dat de soarte yn oantallen wat ôfnimt. De IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade list as net bedrige.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: