Springe nei ynhâld

Amerikaansk Ornitologysk Genoatskip

Ut Wikipedy
Amerikaansk Ornitologysk Genoatskip
American Ornithological Society
algemiene ynformaasje
ôfkoartingAOS
nasjonaliteit Amerikaansk
type org.feriening
wurkmêdornitology
haadkertierChicago (Illinois)
off. taalIngelsk
oprjochte2016
fuortk. útAmerikaanske Uny fan
   Ornitologen

Cooper Ornitologysk Genoatskip
orgaanOrnithology
Ornithological Applications
tal leden3.000
offisjele webside
americanornithology.org
kaart
Amerikaansk Ornitologysk Genoatskip (Chicago)
Amerikaansk Ornitologysk Genoatskip
De lokaasje fan it haadkertier yn Chicago.

It Amerikaansk Ornitologysk Genoatskip (Ingelsk: American Ornithological Society), ôfkoarte ta AOS, is in Amerikaanske feriening op it mêd fan 'e ornitology. De organisaasje ûntstie yn 2016 út 'e fúzje fan 'e Amerikaanske Uny fan Ornitologen (AOU) en it Cooper Ornitologysk Genoatskip (COS). De leden binne foar it meastepart profesjonele ornitologen, hoewol't it lidmaatskip iepen stiet foar eltsenien dy't ynteresse hat foar fûgels. It Amerikaansk Ornitologysk Genoatskip jout twa wittenskiplike tydskriften út: Ornithology (foarhinne The Auk) en Ornithological Applications (foarhinne The Condor), en dêrnjonken de AOS Checklist of North American Birds. De feriening easket it gesach op om Ingelsktalige soartnammen foar fûgels út Noard- en Súd-Amearika fêst te stellen.

Amerikaanske Uny fan Ornitologen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amerikaanske Uny fan Ornitologen (Ingelsk: American Ornithologists' Union, AOU) waard yn 1883 oprjochte op inisjatyf fan Elliott Coues, Joel Asaph Allen en William Brewster. Dy trije mannen wiene doe al aktyf yn 'e Nuttall Ornitologyske Klub (NOC), in pleatslike feriening yn Massachusetts dy't ferbûn is oan 'e Universiteit fan Harvard. Se nûgen 48 foaroansteande ornitologen út foar in konvinsje yn New York, mei as doel om nei Britsk foarbyld in Amerikaanske nasjonale ornitologyske feriening op te rjochtsjen.

De 48 ornitologen waarden benammen útnûge omreden fan harren steat fan tsjinst yn harren fakgebiet, mar der wie ek rekken holden mei geografyske fertsjintwurdiging. Fan 'e 48 reägearren der 25 op 'e útnûging en 21 dêrfan wiene op 'e konvinsje oanwêzich en waarden as sadanich oprjochtsjende leden fan 'e AOU. Under harren wiene behalven Coues en Brewster ek û.o. Daniel Giraud Elliot, C. Hart Merriam en Robert Ridgway. Twa lju dy't net oanwêzich wêze koene, waarden ek as oprjochtsjende leden ynskreaun: Spencer Fullerton Baird, dy't omreden fan syn wurk yn it Smithsonian Ynstitút ferstek gean litte moast, en Joel Asaph Allen, dy't troch sykte thús bleau.

Yn 2013 kundige de Amerikaanske Uny fan Ornitologen in nauwe gearwurking oan mei it Cooper Ornitologysk Genoatskip, in feriening dy't yn 1893 oprjochte wie yn Kalifornje. Dy gearwurking kaam ta utering yn mienskiplike gearkomsten, in sintralisearre útjouwerij en it op 'e nij ôfstellen fan 'e wjerssidige útjeften om dûblueres safolle mooglik foar te kommen. Yn oktober 2016 makke de Amerikaanske Uny fan Ornitologen bekend dat der besletten wie om op koarte termyn te kommen ta in folsleine fúzje mei it Cooper Ornitologysk Genoatskip. De nije organisaasje dy't út dy fúzje fuortkaam, soe it Amerikaansk Ornitologysk Genoatskip komme te hjitten.

Yn oktober 2023 kundige it Amerikaansk Ornitologysk Genoatskip oan dat it fan doel wie en neam alle fûgelsoarten om dy't ferneamd wiene nei persoanen. Dêrfoar yn 't plak moasten beskriuwende nammen komme. De reden foar dit plan wie om nammen te eliminearjen fan lju dy't yn ferbân brocht wurde koene mei histoarysk rasisme (lykas it hâlden fan negerslaven). Mei't de AOS gjin sizzenskip hat oer wittenskiplike nammen, gie it inkeld om 'e algemiene gebrûksnammen yn it Ingelsk, en allinnich foar fûgelsoarten út Noard- en Súd-Amearika, dêr't it de AOS fan beweart de autoriteit te wêzen. Mear as hûndert fûgelsoarten moasten yn dit ramt omneamd wurde. De oankundiging waard troch de Ingelsktalige ornitologyske mienskip mei mingde reäksjes ûnthelle.

It lidmaatskip fan it Amerikaansk Ornitologysk Genoatskip stiet iepen foar eltsenien dy't belangstelling foar fûgels hat en de kontribúsje betelje wol. Mar de measten fan 'e 3.000 leden binne profesjonele ornitologen. De rest bestiet fierhinne út studinten ornitology. Dyselden kinne op beskate betingsten tydlik fergees lid wêze.

It Amerikaanske Ornitologysk Genoatskip jout twa tydskriften út. Ornithology, dat foarhinne ferskynde ûnder de titel The Auk ("De Alk"), komt ienris yn it fearnsjier út. Dat blêd bestiet sûnt 1884. Ornithological Applications, foarhinne The Condor ("De Kondor") bestiet sûnt 1899 en ferskynt ek ienris yn it fearnsjier. De AOS Checklist of North American Birds, dy't ek troch it Amerikaansk Ornitologysk Genoatskip útjûn wurdt, is in standert neislachwurk foar yn it fjild.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.