Amerikaanske ûnwaarsfûgel
| Amerikaanske ûnwaarsfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Larus brachyrhynchus | ||||||||||||
| Richardson, 1831 | ||||||||||||
| IUCN-status: gjin status
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Amerikaanske ûnwaarsfûgel (Larus brachyrhynchus) is in fûgel út 'e famylje miuwen (Laridae).
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte waard foar it earst beskreaun troch de Skot John Richardson yn 1831 as de Larus brachyrhynchus. Sûnt 1931 waard de soarte troch in soad autoriteiten as in ûndersoarte fan 'e gewoane ûnwaarsfûgel behannele, mar oaren erkenden dat it om twa ferskillende soarten gyng. Yn 2021 splitste de American Ornithologist's Union de fûgel op basis fan ferkillen yn genetika, fearrekleed, morfologyen rop wer yn twa aparte soarten op. Noch net elkenien folget de opsplitsing en behannelet de fûgel noch jimmeroan as in ûndersoarte fan 'e gewoane ûnwaarsfûgel. De Amerikaanske ûnwaarsfûgel is net ûnderferdield yn ûndersoarten.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Amerikaanske ûnwaarsfûgel hat in lingte fan 40–45 sm en in spanwiidte fan 100–120 sm. Hy is lytser as oare miuwen fan it skaai en hat in koartere snavel en langere wjukken. Syn wjukken lykje lang en smel yn flecht yn ferhâlding ta syn koarte bealchje. Yn it briedkleed hawwe folwoeksen fûgels in wite kop, bleke eagen omfieme troch in reade eachring, giele poaten en in snaffel sûnder markeringen. Winterdeis is de kop mei brune plakken, de eachring wurdt griiseftich en de snaffel wurdt doffer mei in swakke, donkere markearing. Yn 'e flecht is goed te sjen dat de swarte wjukpunten opfallend wite plakken ha.
Jonge fûgels hawwe 3 jier nedich om it folwoeksen fearrekleed te krijen. Se binne oer it algemien brunich mei donkerbrune wjukpunten.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Amerikaanske ûnwaarsfûgel briedt yn Alaska en westlik Kanada eastlik oant noardwestlik Manitoba en súdwestlik oant súdlik Britsk-Kolumbia. De measte fûgels oerwinterje oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan oant de Sacramento-delling en minder faak oant Baja California, de Noardlike Rockies en Ontario. It is in tige seldsume gast yn it easten fan Noard-Amearika en in swalker yn East-Aazje.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN erkent de fûgel noch net as in soarte en dêrfandinne is de bedrige status noch net formeel fêststeld. De populaasje wurdt rûsd op 360.000 folwoeksen fûgels.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

