Kubaanske amazône
| Kubaanske amazône | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Amazona leucocephala | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Kubaanske amazône (Amazona leucocephala) is in pappegaai-eftige út de famylje fan 'e pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae). De wittenskiplike namme waard as Psittacus leucocephalus yn 1758 publisearre troch Carolus Linnaeus.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte hat foar it measte griene fearren mei in swarte seame. De foarholle en it gebiet om it each binne wyt en de fearren fan 'e wangen, it kin en de kiel binne rôzeread. By it ear hat er in swart plak. Somtiden hat de fûgel ek wat reade fearkes op it boarst en de búk is ek read. De hândekfearren en de hânpinnen fan 'e wjukken binne blau. De ûndersturtdekfearren binne gielgrien, wylst de boppekant fan 'e sturt grien is mei in griengiele punt en de bûtenste sturtfearren in reade basis ha. De snaffel is hoarnkleurich, de iris is readbrún en de poaten binne brúneftich. Der binne gjin ferskillen tusken man en pop.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt foar yn Súd-Amearika, benammen yn Kuba yn bosklân, kalkbosken en savannes mei palm- en dinnebeammen, mangroves en plantaazjes en bestiet út fjouwer ûndersoarten.
- Amazona leucocephala leucocephala - Kuba op it Isla de la Juventud
- Amazona leucocephala bahamensis (Bryant, 1867) - de Bahama's
- Amazona leucocephala caymanensis (Cory, 1886) – Kaaimaneilannen
- Amazona leucocephala hesterna (Bangs, 1916) - Cayman Brac
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De pappegaaien libje yn pearkes of groepen, bouwe harren nêsten yn palmbeammen (makke troch spjochten), yn termitebulten en yn beammen. Se ite sied, nôt, nuten, jonge tûken, beien, jonge knoppen en fruit. Se kinne skea feroarsaakje oan plantaazjes en hôvings. Kubaanske amazônes binne fan natuere tige agressyf en binne dêrom net geskikt as húsdieren.
In lechsel bestiet út 2 oant 3, dy't troch de pop útbret wurde en yn sawat 28 dagen útbret wurde. De jongen ferlitte it nêst nei sawat 2 moannen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt op 'e Reade list troch IUCN as hast bedrige (NT, 2020) klassifisearre. De grutte populaasje waard yn 2017 op 16.000-27.000 folwoeksen fûgels rûsd.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
