Readkielamazône
| Readkielamazône | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Amazona arausiaca | ||||||||||||
| Müller, 1776 | ||||||||||||
De readkielamazône (Amazona arausiaca) is in fûgelsoarte yn it skaai amazônepappegaaien út de famylje Pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1776 as Psittacus arausiacus publisearre troch Philipp Ludwig Statius Müller. De fûgel is ien fan 'e twa endemyske amazônepappegaaien op it Karibyske eilân Dominika. De twadde soarte is de keizeramazône, dy noch seldsumer is as de readkielamazône.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De likernôch 40 sm lange fûgel is meast grien en hat felle kleuren. Om it each, op 'e foarholle en om 'e snaffel is de fûgel blau. Op 'e legere kiel sitte read-oranje fearren, dy't somtiden ek minder oanwêzich binne. Om it oranje each is de hûd bleat en wyt. Yn 'e flecht is in readgiele wjukspegel te sjen en de hânpinnen ha donkere einen. De snaffel en de poaten binne griis.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels komme allinnich foar op it eilân Dominika en bewennet dêr it tropysk reinwâld oant hichten fan 800 m en somtiden oant 1200 m boppe seenivo. De fûgel wurdt ek op kultuerlân yn fruitbeammen sjoen. De snaffel en poaten binne griis. De fûgel spilet in essensjele rol yn it ekosysteem en fungearret as in siedfersprieder, wêrtroch't de trochgeande regeneraasje fan 'e bosken fan it eilân garandearre wurdt.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Readkielamazônes ha in beheind ferspriedingsgebiet en dêrfandinne bestiet de kâns op útstjerren. De grutte fan 'e populaasje waard yn 2012 troch BirdLife International op 840 oant 1.000 folwoeksen fûgels rûsd. De populaasje hat tige te lijen hân fan 'e orkaan Maria yn septimber 2017. Mar nei dy ramp namen de oantallen wer ta, om 't de fûgel him oanpaste oan kultuerlân mei fruitbeammen. It ferlies fan geskikt leefgebiet en de tropyske stoarmen bliuwe in grut gefaar foar de soarte. Dêrom klassifisearret de IUCN de fûgel as kwetsber op 'e Reade list.
Foar de hannel yn 'e readkielamazône jilde beheinings, de soarte stiet yn 'e Taheakke I fan it CITES-ferdrach.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
