Metro (pornografyske filmstudio)

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Amazing Media")
Gean nei: navigaasje, sykje
Metro
Metro logo.jpg
algemien
namme Metro
hist. namme South Pointe Enterprises
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier Chatsworth (Kalifornje)
Cranston (Rhode Island)
oprjochte 1987
dochters sjoch tekst
offisjele webside
gjint

Metro of Metro Global, eins folút Metro Global Media, Inc. is in Amerikaanske ûndernimming dy't him taleit op 'e produksje en distribúsje fan pornografyske films en tydskriften en oare, oanbesibbe produkten. Dit bedriuw waard yn novimber 1987 oprjochte ûnder de namme South Pointe Enterprises. Metro operearret fia sân dochterûndernimmings en difyzjes dy't folslein yn eigendom fan 'e memme-ûndernimming binne:

  • Airborne (eins Airborne for Men, Ltd.)
  • Amazing Media (eins Amazing Media Group, Inc.);
  • AmazingDirect.com, Inc.
  • Metro East (eins Metro, Inc. – East Coast Division)
  • Metro International (eins Metro International Distributors);
  • Metro Studios (eins Metro West Studios, Inc.);
  • Metro West (eins Metro, Inc. – West Coast Division).

Metro Studios[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Metro Studios, fêstige yn Chatsworth, in wyk fan Los Angeles, is de eigentlike studiopoat fan 'e ûndernimming, dy't pornografyske films fan spylfilmlingte produsearret, wêrûnder saneamde feature films (pornofilms mei in ferhaalline), gonzopornografy en fideokompilaasjes fan âlder materiaal dat earder yn oare foarmen útbrocht is. Metro Studios fiert it behear oer de eigenprodusearre films en keapet de auteursrjochten op fan wurken dy't troch trêden produsearre binne, om dy wurken dêrnei sels oan 'e man te bringen.

Under de films dêr't Metro de rjochten op hat, binne de Cal Vista-samling, de Amazing-kolleksje en de Taboo-rige. Yn it jier 2001 brocht Metro Studios 4 nije feature films út foar de pornobioskopen, 107 feature en gonzofideo's en 233 fideokompilaasjes fan âlder materiaal. Fan 1999 oant 2006 wurke Metro Studios nau gear mei New Frontier Media, in pornografysk satellyttillefyzjenetwurk dat op 'e kanalen The Erotic Network en The Extasy Network (TeN) 24 oeren deis pornografysk filmmateriaal útstjoerde.

Metro West[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Metro West is ek fêstige yn Chatsworth. Dizze difyzje giet oer de fermeardering, ferpakking en opslach fan alle produksjes fan Metro Studios foarôfgeande oan distribúsje. Ek wurdt it ûntwerp fan alle omslaggen en reklame-uterings troch dit diel fan it bedriuw fersoarge. Dêrnjonken bewurkmasteret Metro West de distribúsje fan it materiaal yn 'e westlike helte fan 'e Feriene Steaten.

Metro East[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Metro East is fêstige yn Cranston, yn 'e steat Rhode Island, en is de distributeur foar de films fan Metro Studios en de tydskriften fan Amazing Media yn 'e eastlike helte fan 'e Feriene Steaten. Dêrby konsintrearret dizze dochterûndernimming him benammen op it Noardeasten, mei de steaten New York, Pennsylvania, Marylân, Delaware, noardlik Firginia, Washington, D.C., Ohio, Indiana, Illinois, Michigan, Minnesota en de seis steaten dy't mei-inoar Nij-Ingelân opmeitsje.

Behalven dat Metro East de eigen produkten fan Metro leveret fia ynternet en oan seksshops en oare ferkeappunten, hat de ûndernimming ek distribúsje-oerienkomsten mei oare produsinten, sadat it ek films fan û.o. Vivid Entertainment, Wicked Pictures, VCA Pictures, Adam & Eve, Hustler Video en Private leverje kin. Fierders distribuëarret Metro East troch soartgelikense oerienkomsten ek seksboartersguod fan fabrikanten as Doc Johnson, California Exotic Novelties, Wet International en Topco Sales, en porno- en neakenblêden fan útjouwers as Playboy, Penthouse, Larry Flynt Publications en The Score Group.

Metro International[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Metro International, dat fêstige is yn it Dútske Flensburg, yn Sleeswyk-Holstein, is de ynternasjonale distributeur foar de produkten fan Metro. Dêrby wurdt net inkeld oan klanten yn Jeropa levere, mar ek yn Súd-Amearika en Austraalje. Yn it fiskale jier 2000-2001 droech Metro International foar likernôch 3% by oan 'e totale omset fan Metro.

Amazing Media[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fia de dochterûndernimming Amazing Media jout Metro in ferskaat oan pornografyske en neakenfotografyske tydskriften út en distribuëarret dy fia gruthannels yn 'e Feriene Steaten sels en om utens. Dêrby giet it almeast om fotoreportaazjes op basis fan sekssênes út films dy't troch Metro Studios produsearre binne. Amazing Media jout yn totaal 24 fan sokke tydskriften út, dy't almeast ienris yn 'e twa moannen of ienris yn it fearnsjier publisearre wurde.

AmazingDirect.com[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

AmazingDirect.com is de ynternet- en postoarderpoat fan Metro, dêr't klanten streekrjocht de produkten fan it bedriuw oanskaffe kinne sûnder dat der in seksshop of oare foarm fan detailhannel tuskenyn sit. AmazingDirect hat in ynventaris fan likernôch 10.000 artikels op foarrie.

Oare aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de eigen dochterûndernimmings ûnderhâldt Metro ek nauwe bannen mei Capital Video Corporation (CVC), dat foar 100% yn it besit is fan ien fan 'e wichtichste oandielhâlders fan Metro. CVC omfiemet in keatling fan 41 seksshops yn it noardeasten fan 'e Feriene Steaten dy't itsij direkt eigendom binne fan it bedriuw, itsij troch servicekontrakten mei CVC ferbûn binne.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: