Amazônepappegaaien
| Amazônepappegaaien | ||
| Amazona finschi | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| skift: | pappegaai-eftigen (Psittaciformes) | |
| boppefamylje: | pappegaaien of echte pappegaaien (Psittacoidea) | |
| family: | Pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae) | |
| skaai | Amazônepappegaaien (Amazona) | |
| Lesson, 1830 | ||
| Soarten | ||
| ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● | ||
Amazônepappegaaien (Amazona) binne in pappegaaieskaai út de famylje fan pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae). De fûgels binne middelgrut (sawat 38 sm) en meast grien fan kleur, faak mei wat blauwe en giele kleuraksinten op 'e kop en in koarte sturt. Se hawwe dúdlik sichtbere bleate noasters en in relatyf grutte snaffel. Mantsjes en wyfkes binne yn 'e regel itselde, mar mantsjes kinne wat steviger boud wêze. De iennige amazône dy't dúdlik seksueel dimorf is, is de Jûkatanamazône (Amazona xantholora).
Amazônepapegaaien libje yn Súd-Amearika en lykas de namme al seit benammen om 'e Amazône hinne. It skaai libbet lykwols yn noardlike rjochting oant Meksiko en it Karibysk gebiet en yn súdlike rjochting oant Argentynje .
It identifisearjen fan Amazônes kin tige dreech wêze; de measte soarten binne tige fariabel, lykje in soad op oare soarten of hawwe ferskillende ûndersoarten dy't ek tige fariabel kinne wêze. Sa binne der bygelyks blaufoarholleamazônes sûnder in blauwe foarholle, mar mei in hast folslein giele kop, der binne gielnekamazônes sûnder in giele nekke en de wytfoarholle-amazône hat somtiden skraachwurk wyt op 'e foarholle. Soks betsjut dat eksimplaren op ôfbylden of yn finzenskip faak ferkeard identifisearre wurde, sels by saakkundich wurk. Njonken it dúdlike kleurpatroan fan 'e kop, binne de kleur fan 'e snaffel, eachring, sturt en skouders ek faak wichtich by it bepalen fan 'e soarte. In ekstra ynwikkelde faktor is dat fanwegen de determinaasjeswierrichheden yn finzenskip ek hybriden foarkomme.
Finzenskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Amazônepapegaaien kinne tige nuet wurde, mar ha in frij fûl karakter. Se wurde beskôge as goede praters en binne yntelligint. It is lykwols wichtich om te witten dat de fûgels it bêste net troch minsken mar troch eigen soartgenoaten beselskippe wurde. Foar de fûgels is it better om se yn pearkes yn foliêres te hâlden ynstee fan in iensume fûgel yn 'e hûskeamer.
Yn Nederlân komme de measte soarten yn finzenskip foar, mar faak yn lytse oantallen. Foar safier't bekend is komme allinnich A. guildingii, A. brasiliensis, A. vittata, A. imperialis, A. arausiaca, A. versicolor en A. mercenaria net yn finzenskip foar yn Nederlân.
Amazônepappegaaien ite yn finzenskip in mingsel fan sied, fruit en grienfoer. In siedmjuksel stimulearret lykwols de fûgel yn selektyf iten, wêrby't de fûgel allinnich it lekkerste sied yt en de rest lizze lit. It resultaat is dat de fûgel lêst fan tekoarten oan in soad fiedingsstoffen kriget, ynklusyf fitamine A en aminosoeren en in te hege ferhâlding kalsium/fosfaat.
Brek oan goede fiedingsstoffen is de meast foarkommende oarsaak fan syktes by fûgels dy't as thús holden wurdt. It is dêrom oan te rikkemandearjen dat de pappegaai pelletfoer kriget. Pellets binne brokjes, dêr't alle fiedingsstoffen homogeen yn ferdield sitte, sadat de fûgel net allinnich it lekkerste der út hellet.
Amazônepappegaaien meie njonken it útbalansearre dieet lykas alle pappegaaien grienfier en fruit allinnich as traktaasje krije. Tefolle fruit ferheget lykwols de enerzjytichtens fan it iten en wurket obesitas en tekoarten yn 'e hân. As traktaasje kin lytse stikjes banaan, par of apel jûn wurde, mar de gewoane brokjes út de hân wurde ek troch de fûgel wurdearre en ha gjin neidielich effekt op 'e sûnens.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
Oars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Hispanjoalaanske amazône (Amazona ventralis) is it nasjonale symboal fan 'e Dominikaanske Republyk, dêr't de soarte "Cotica" neamd wurdt.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
