Springe nei ynhâld

Amazône-iisfûgel

Ut Wikipedy
Amazône-iisfûgel

mantsje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift rôldereftigen (Coraciiformes)
famylje iisfûgels (Alcedinidae)
skaai griene iisfûgels (Chloroceryle)
soarte
Chloroceryle amazona
Latham, 1790
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Amazône-iisfûgel (Chloroceryle amazona) is in fûgel yn 'e famylje iisfûgels (Alcedinidae).

Mantsje.
Wyfkes.

De brûnsgriene boppedielen fan folwoeksen mantsjes wurdt troch in wite kraach skieden. Se ha in wyt kin en in wite kiel en in readbrún boarst mei donkergriene kanten en in wite búk mei donkergriene streken op 'e flanken. Folwoeksen wyfkes misse it readbrún op it boarst en it grien fan 'e kanten dêr wreidet him folle mear nei de midden út.

Juvenilen ha in giel plak op 'e snaffel. By jonge mantsjes is it read folle minder oanwêzich.

De Amazône-iisfûgel is in soarte dy't allinnich of yn pearkes sjoen wurdt, faak sittend op triedden of peallen. It formaat is te ferlikenjen mei de bâniisfûgel, mar de Amazône-iisfûgel hat in brûnsgriene kop en boppedielen. Ek is de swarte snaffel fan 'e Amazône-iisfûgel folle grutter en hat de soarte in gruttere túf. De griene iisfûgel is folle lytser en hat wite plakken en streken op 'e wjukken.

De soarte komt fan it noarden fan Meksiko (yn 'e steaten Sinaloa en Tamaulipas) oant Sintraal-Argentynje foar. Yn Súd-Amearika wurde se yn alle lannen beëasten de Andes sjoen, útsein Sily. Yn it suden fan Teksas is de soarte in dwaalgast. Se libje by grutte, stadich streamende rivieren en oan beboske wetterkanten. Ut en troch wurde se ek waarnommen by brak wetter, mangrovebosken en estuaria. Se ha earder in foarkar foar in iepen lânskip as tichte bosken. Yn 'e regel libje se oant 1.200 m boppe seenivo, mar yn Fenezuëla wol oant 2.500 m boppe seenivo.

Mantsjes en wyfkes grave in oant 1,6 m djippe trochgong yn in ierde oan 'e rivier, dy't einiget yn in nêstkeamer. In lechsel bestiet út 3-4 aaien. Nachts briede yn 'e regel de wyfkes, mantsjes dogge dat oerdeis.

Op 'e Reade list fan 'e IUCN is de soarte as net bedrige klassifisearre. Yn 2019 waard de wrâldpopulaasje op 500-000 - 5.000.000 fûgels rûsd. Oannommen wurdt dat de oantallen ôfnimme.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en/of referinsjes op en:Amazon kingfisher