Amaranten
| Amaranten | ||
| Fjoerfinkje (Lagonosticta senegala) | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
| famylje: | prachtfinken (Estrildidae) | |
| skaai: | amaranten (Lagonosticta) | |
| Cabanis, 1851 | ||
It skaai amaranten (Lagonosticta) omfiemet in groep lytse, tropyske fûgels út de famylje prachtfinken (Estrildidae). Se komme foaral foar yn Afrika besuden de Sahara yn savannes, strewellen en boskrânen.
De measte amaranten ha foar in part in read fearrekleed, dat by de mantsjes fan 'e measte soarten oerheersket. In karakteristyk skaaimerk fan hast alle soarten binne de lytse wite stipkes op 'e flanken fan it boarst. Wyfkes binne oer it algemien brúniger fan kleur, mar hawwe faak wol reade aksinten op 'e stút of it gesicht.
De soarten yn it skaai wurde meastentiids 10 oant 11 sintimeter lang. De snaffel is koart en kegelfoarmich en faak rôze, read of blaugriis. Se libje benammen fan gerssied en ynsekten (lykas termiten), dy't se meastentiids op de grûn sykje.
In bysûnderheid fan it skaai is de bân mei de widafinken (Vidua). Ferskillende amaranten hawwe in spesifike soarte widafink as briedparasyt, dy't harren aaien yn it nêst fan 'e amaranten leit. De piken fan 'e widafink hawwe in bek dy't sterk liket op dy fan 'e piken fan 'e gasthear.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De folgjende soarten wurde ta it skaai rekkene:
| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Status / trend |
|---|---|---|---|
| brune amarant | Lagonosticta nitidula | net bedrige stabyl[1] | |
| donkerreade amarant | Lagonosticta rubricata | net bedrige stabyl[2] | |
| fjoerfinkje | Lagonosticta senegala | net bedrige stabyl[3] | |
| karmozynpamarant | Lagonosticta rhodopareia | net bedrige stabyl[4] | |
| maskeramarant | Lagonosticta larvata | net bedrige stabyl[5] | |
| rotsamarant | Lagonosticta sanguinodorsalis | net bedrige stabyl[6] | |
| swartbúkamarant | Lagonosticta rara | net bedrige stabyl[7] | |
| Tsjaadamarant | Lagonosticta umbrinodorsalis | net bedrige stabyl[8] | |
| Stippelamarant | Lagonosticta rufopicta | net bedrige stabyl[9] | |
| Maly-amarant | Lagonosticta virata | net bedrige stabyl[10] |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
