Springe nei ynhâld

Amamihoutekster

Ut Wikipedy
Amamihoutekster
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljekriefûgels (Corvidae)
skaaihouteksters of gaaien (Garrulus)
soarte
Garrulus lidthi
Bonaparte, 1850
IUCN-status: kwetsber

De Amamihoutekster (Garrulus lidthi), ek Lidth's houtekster, is in sjongfûgel út de famylje kriefûgels (Corvidae).

Fûgel yn Ueno Zoo, Tokio.

De Amamihoutekster is in grutte brúnblauwe gaai fan 38 sm. De kop is donkerblau mei in blauswarte foarholle en romp, de kiel hat wite streekjes en de snaffel is twakleurich mei in hoarnkleurige punt en in griisblauwe basis. De sturt en wjukken binne donkerblau, wylst de rêch en ûnderkant djip kastanjebrún binne.

De Amamihoutekster is endemysk op it eilân Amami-Ōshima en de oanbuorjende lizzende eilandsjes (Kakeroma-jima, Uke-jima, en Edateku-jima) yn it noardlike diel fan 'e Japanske Rjûkjû-eilannen. Hy wurdt behannele as monotypysk, itjinge betsjut dat er net ferdield is yn ûndersoarten.

De soarte libbet yn bosk, houtwâlen om kultivearre lân en by delsettings fan minsken mei in foarkar foar heechlizzende lânseigen bosk. It iten bestiet út ikels fan 'e Castanopsis cuspidate en Quercus glauca, mar ek ynsekten, spinnen, reptilen, jonge fûgels, fruit en sied. De fûgel foarmet nei alle gedachten foar in lang skoft pearkes en it brieden fynt plak fan ein jannewaris of begjin febrewaris oant maaie.

De Amamihoutekster hat in tige lyts ferspriedingsgebiet en de hiele populaasje waard yn 'e jierren 1970 op 5.800 fûgels rûsd. Yn it ferline binne de oantallen in pear kear foars ôfnommen. Yn 'e iere 20e iuw troch de rysbou en yn 'e lette 20e iuw troch ûntbosking en predaasje fan ynvasive soarten. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer kategorisearret de Amamihoutekster dêrom as kwetsber. It is lestich om hjoeddeistige trends te beöardieljen fanwegen in brek oan ynformaasje, mar mooglik groeit de populaasje sûnt 2006 en is de populaasje stabyl. Waarnimmingen jouwe oanlieding om oan te nimmen dat de populaasje op it noardlike skiereilân Kasari op Amami-Ōshima.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: